Petrus en Paulustsjerke (Loppersum)

Ut Wikipedy
Petrus en Paulustsjerke

Petrus- en Pauluskerk

bouwurk
Petrus en Pauluskerk Loppersum.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Eemsdelta wapen.svg Iemsdelta
plak Loppersum
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e-16e iuw
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 26265 [1]
offisjele webside
PKN Maarland

De Petrus en Paulustsjerke is in monumintaal tsjerkegebou yn Loppersum yn de provinsje Grinslân. De goatyske tsjerke is in grutte krústsjerke mei in fiifsidich koer en wie oant de reformaasje in dekanaatstsjerke. Fanwegen de grutte ôfmjittings fan de doarpstsjerke krige de Petrus en Paulustsjerke de bynamme Boerekatedraal. Yn novimber 2019 waard de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De Petrus en Paulustsjerke is ryk oan fresko's út de tiid fan foar de reformaasje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in kleasterkronyk fan it kleaster fan Witewierrum baarnde it earste dowestiennen tsjerkje fan Loppersum yn 1218 ôf. In diel fan de âlde muorre mei in hagioskoop is noch as boufragmint bewarre bleaun yn de westlike muorre fan de tsjerke. De bou fan de hjoeddeiske bakstiennen tsjerke begûn gaueftich nei de brân. Ynearsten krige it ienskippich romaanske gebou in rjocht sletten koer en in houten plafond. Yn de twadde helte fan de 13e iuw waard it skip ferhege en it rjochtsletten koer ferfongen troch in romanogoatysk dwersskip mei meloenfoarmige ferwulften. Tsjin it ein fan de 15e iuw waard útein set mei de grutste útwreiding fan de tsjerke troch de bou fan in letgoatysk koer mei twa sydkapellen en in sakristy.

Yn 1529 folge it trochbrekken fan de súdlike muorre fan it skip om in sydskip ta te foegjen. By de súdlike tagong is dat jiertal mei de symboalen fan Petrus (kaai) en Paulus (swurd) oanbrocht, de symboalen dy't ek yn de flagge fan Loppersum steane. Yn de twadde helte fan de 16e iuw waarden it koer en it skip op like hichte brocht en krige it skip in netferwulft.

By de befrijing fan Loppersum op 20 april 1945 waard de toer troch besjittings fan de Kanadezen slim skeind. De restauraasje fan de toer fûn oan 1947 plak. De tsjerke waard tusken 1953 en 1959 restaurearre.

Yn 2013 moast de tsjerke op 'e nij restaurearre wurde. Troch ierdskoddings as gefolch fan gaswinning wiene skuorren ûntstien yn de ferwulften. De NAM hat dêrom de restauraasje betelle en op snein 2 novimber koe de tjerke wer yn gebrûk nommen wurde.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Fresko's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fresko's

De kwalitatyf heechweardige fresko's út 1500 yn it koer en de sydkapellen fan de tsjerke kamen yn de jierren 1940-1942 wer ûnder de wytkalk foar it ljocht en waarden doe restaurearre. De fresko's oan de muorren fan it koer en de Marijekapel binne pas oan it ein fan de jierren 1950 ûntdutsen. Yn de noardlike Marijekapel binne acht foarstellings út it libben fan de hillige jongfaam Marije te sjen, dy't tsjin it ein fan de 15e iuw oanbrocht waarden. Yn it koer binne apostels, tsjerkefaars en âldtestamintyske foarstellings te sjen. It middelste travee toant Kristus as Man fan Smerten mei it Laam Gods, de hôf en de Emmaüsgongers.

Tsjerkemeubilêr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seissidige iken preekstoel mei klankboerd stamt út it ein fan de 17e iuw. De hearebank mei in fike opsetstik waard brûkt troch de famyljes Rengers en Starkenborg út Farmsum en datearret fan 1650. It koer wurdt fan de kapellen ôfsletten troch letgoatyske hekken fan natoerstien. Yn de hekken sitten houten doarren út 1564.

Sarken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de flier fan de tsjerke leine ferspraat in grut tal sarken, dy't tsjintwurdich fral konsintrearre binne yn it koer en de Bruorrekapel. De âldste sarken binne 16e-iuwsk. Oan de eastlike muorre fan de Bruorrekapel is in ryk dekorearre sark fan Maria fan Selbach († 1576). Yn it middenskip leit de sark foar pastoar Stephanus Zwelis (1535-1551).

Hierlok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de noardlike muorre hinget in kastje mei dêryn in stik hier. Mooglik is it in relikwy fan de hillige Katarina en foarme it eartiids in ûnderdiel fan it oan har wijde alter. Om tefoarren te kommen dat der stikjes hier ôfknipt waarden, waard de flecht yn in kastke bewarre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel foar de restauraasje

It oargel fan de Petrus- en Paulustsjerke giet werom op in ynstrumint fan 1562 fan Andreas de Mare. Yn 1590 waard mooglik troch syn soan Marten de Mare in rêchposityf tafoege. It oargel hie oarspronklik lûken, dy't oan it begjin fan de 19e iuw ferwidere binne. Albertus Antonius Hinsz ferfong yn 1735 it hiele binnenwurk fan it Haadwurk. Mei útsûndering fan dy fan de middentoer ferhûze Hinsz alle pipen fan it Haadwurk en liet dy yn de middentoer allinne foar de dekoraasje op it âlde plak stean. Yn 1803 fernijde Heinrich Hermann Freytag it binnenwurk fan it rêchwurk. Letter feroaren Petrus van Oeckelen en Jan Doornbos it oargel.

Yn de jierren 1958-1966 waard earst de oargelkas en dêrnei it binnenwurk fan it oargel restaurearre. De oargelkas en de tribune waarden nei de 16e-iuwske steat werom restaurearre, wertroch't neitiid it 18e- en 19e iuwske binnenwurk net mear paste. De firma Van Vulpen restaurearre fan 1962 oant 1963 it binnenwurk fan it oargel.

Yn it ramt fan de restauraasje fan de tsjerke yn 2012-2015 soe ek it oargel in ûnderhâldsbeurt krije. De ierdskodding fan 2012 soarge lykwols foar grutte fersakkings fan it oargel. De NAM joech ta dat de skea in gefolch wie fan de ierdgaswinning en wie ree om de restauraasje mei te bekostigjen. Dêrby easke de NAM wol dat it oargel better beskerme wurde moast tsjin fierdere ierdskoddings en ûnder de tribune binne dêrom pylders mei in djipte fan 12 meter oanbrocht. Njonken de bydrages fan de NAM, it Ryk, de tsjerke sels makken ek donaasjes út fûnsen en fan partikulieren de restauraasje en rekonstruksje yn de steat fan foar 1958 mooglik. Ek it houtfykwurk waard oanpast en fergulde en de kleur fan de kas waard, lykas eartiids, yn oliifgriene kleur skildere. Yn 2019 is it restaurearre oargel wer yn gebrûk nommen.[2][3] It oargel hat 20 registers op twa manualen en in oanhongen pedaal.

Bysûnder is it jonkje oan de noardlike kant fan it rêchwurk fan it oargel, dy't op in belle slacht. De balke dêr't er op stiet is fersierd mei de symboalen fan de apostels Petrus en Paulus.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken troch de besetter foardere om omraand te wurden. Nei de kriich kamen de klokken werom en as oantinken oan dy tiid hinget de needklok, in izeren plaat mei in hammer, noch jimmeroan ûnder yn de toer. De grutte klok is 2,250 ton swier en waard yn 1397 getten troch Albertus. De lytsere klok datearret fan 1548 en is getten troch Gherhardus fan Wou. In tredde klok dy't ea yn de toer hong is yn Huizinge telâne kommen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: