Springe nei ynhâld

Oerlis:Fise-presidint

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It giet wat tsjin myn taalgefoel yn, mar moat dit artikel tsjintwurdich net vice-presidint hjitte? Yn 1992 hie it Frysk wurdboek (N-F) it noch oer fice, mar de lêste edysje fan it Frysk Hânwurdboek skriuwt vice, de foarheaksels fise en fice komme dêr net yn foar (en dus ek net yn de foarkarswurdlist). Wutsje 6 mai 2020, 19.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Fice wurdt noch wol jûn op Taalweb Frysk: Fice Drewes (oerlis) 6 mai 2020, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat nuver, dit smyt neat op. Hoe dan ek, de fraach is eins: hoe wichtich is dy foarkarswurdlist foar de stavering op dizze wikipedy? Wutsje 6 mai 2020, 19.27 (CEST)[beäntwurdzje]
De Fryske Akademey lapet mei vice- en fice- syn eigen staveringsregels oan syn lears. Wêrom soene je no yn 'e frede sa'n dochs ynboargere foarheaksel mei in v en in c skriuwe, wylst dy letters oars yn it Frysk yn sokke posysjes nea brûkt wurde meie? Ik fyn dat wy as aktive brûkers fan it skreaune Frysk yn sokke oerdúdlike gefallen gewoan ús sûne ferstân brûke moatte en fêststelle dat de F.A. it blykber sels ek net altyd goed wit. En dat we gewoan "fise-" skriuwe moatte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mai 2020, 23.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Hjir kin ik my wol yn fine. Vice- is wat my oanbelanget Hollânsk en fice- liket nearne nei. Yn 1992 wie it iennige lemma dat yn it FW (N-F) foarkaam v, s. de [fe:] -'s, —-en; —-tsje. Tweeëntwintigste letter van het alfabet. Deze komt in de Friese spelling niet voor als beginletter. Lit ús it yndied dêr mar by hâlde. Wutsje 7 mai 2020, 00.44 (CEST)[beäntwurdzje]