Organisearre territoarium
In organisearre territoarium is yn 'e Feriene Steaten in krite lân ûnder Amerikaanske soevereiniteit dy't net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat leit, mar wol in eigen regear hat dat oprjochte is troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Sa'n regear bestiet ornaris út in territoriale folksfertsjintwurdiging om 'e wetjaande macht út te oefenjen, in keazen territoriaal gûverneur dy't oan it haad stiet fan in bestjoer dat de útfierende macht hat, en fierdersoan de basisorganisaasje fan in eigen rjochterlike macht. Sûnt 1959 besteane der gjin organisearre territoaria mear.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk hiene gebieten dy't in folweardige steat fan 'e Feriene Steaten wurde woene de bestjoerlike status fan organisearre territoarium foardat se de status fan steat krigen. Dat gou net foar de Trettjin Koloanjes (Nij-Hampshire, Massachusetts, Rhode Island, Connecticut, New York, Nij-Jersey, Pennsylvania, Marylân, Delaware, Firginia, Noard-Karolina, Súd-Karolina en Georgia), dy't de oarspronklike oprjochtsjende steaten fan 'e Feriene Steaten wiene, mar wol foar de measte oaren fan 'e hjoeddeistige fyftich Amerikaanske steaten.
Behalven de oarspronklike trettjin binne der mar seis oare steaten dy't nea in organisearre territoarium west hawwe. Dêrby giet it yn it foarste plak om Kentucky, Maine en West-Firginia, dy't ôfspjalte waarden fan in gebiet dat al in folweardige steat wie: Kentucky (1792) en West-Firginia (1863) waarden allebeide ôfspjalte fan 'e steat Firginia, wylst Maine (1820) ôfspjalte waard fan 'e steat Massachusetts. Fierders wiene Fermont (1791) en Teksas (1845) ûnôfhinklike lannen doe't se yn 'e Feriene Steaten opnommen waarden, wylst Kalifornje (1848) fanwegen de Kalifornyske Goudkoarts as folweardige steat opnommen waard sadree't it op Meksiko ferovere wie.
Oare gebieten dy't by de tiid lâns yn Amerikaanske hannen kamen, lykas troch de Oankeap fan Louisiana yn 1803, de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fan 1846-1848 of de Oankeap fan Alaska yn 1867, krigen faak earst de status fan ûnorganisearre territoarium. Letter waarden dêrút organisearre territoaria oprjochte, dy't, as se ienris in befolking krigen hiene dy't dêr grut genôch foar wie, opklimme koene ta folwearige steaten. Guon organisearre territoaria bestiene mar hiel koart foar't se in steat waarden, wylst oaren desennia lang dy status holden. It koartst besteande organisearre territoarium wie it Territoarium Alabama, dat mar 2 jier bestie, wylst de langst besteande it Territoarium Nij-Meksiko wie, dat krapoan 62 jier bestie.
Hjoeddeistige sitewaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lêste organisearre territoarium wie it Territoarium Hawaï, dat op 21 augustus 1959 as folweardige steat yn 'e Feriene Steaten opnommen waard. Yn 'e Wet op de Talitting fan Hawaï waard it ûnbewenne atol Palmyra, yn 'e Stille Oseaan, dat wól ta it Territoarium Hawaï heard hie, spesifyk fan talitting útsletten. Sadwaande is Palmyra sûnt 1959 it iennichste ynkorporearre ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wat sizze wol dat it folslein ûnder de Amerikaanske wetjouwing falt (oftewol "ynkorporearre" is), mar dochs net heart ta in Amerikaanske steat (oftewol in "territoarium" is), en likemin in eigen, troch it Amerikaanske Kongres by wet oprjochte regear hat (oftewol "ûnorganisearre" is). Alle oare ûnorganisearre territoaria binne ûnynkorporearre, wat sizze wol dat se net folslein ta de Feriene Steaten hearre en dêrom ek net ûnder alle aspekten fan 'e Amerikaanske Grûnwet falle. It Distrikt Columbia (d.w.s. de federale haadstêd Washington, D.C.) funksjonearret likernôch gelyk oan in ynkorporearre organisearre territoarium, mar as in federaal distrikt falt it lykwols ûnder in folslein oar diel fan 'e Amerikaanske Grûnwet.
List fan histoaryske organisearre territoaria
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](op folchoarder fan oprjochtingsdatum)
territoarium | oprjochte | opheft | reden opheffing |
---|---|---|---|
Noardwestlik Territoarium | 13 july 1787 | 1 maart 1803 | it súdeastlike diel krige ûnder de namme Ohio de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Besuden de Rivier de Ohio (ek bekend as it Súdwestlik Territoarium) |
26 maaie 1790 | 1 juny 1796 | krige ûnder de namme Tennessee de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Mississippy | 7 apr. 1798 | 10 des. 1817 | de westlike helte krige ûnder de namme Mississippy de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Indiana | 4 july 1800 | 11 des. 1816 | it oerbleaune súdlike diel krige ûnder de namme Indiana de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Orleans | 1 okt. 1804 | 30 apr. 1812 | krige ûnder de namme Louisiana de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Michigan | 30 juny 1805 | 26 jan. 1837 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Michigan de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Louisiana | 4 july 1805 | 4 juny 1812 | omneamd ta it Territoarium Missoery |
Territoarium Illinois | 1 maart 1809 | 3 des. 1818 | it súdlike diel krige ûnder de namme Illinois de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Missoery | 4 juny 1812 | 10 aug. 1821 | it súdeastlike diel krige ûnder de namme Missoery de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Alabama | 15 aug. 1817 | 14 des. 1819 | krige ûnder de namme Alabama de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Arkansas | 2 maart 1819 | 15 juny 1836 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Arkansas de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Floarida | 30 maart 1822 | 3 maart 1845 | krige ûnder de namme Floarida de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Wiskonsin | 3 july 1836 | 29 maaie 1848 | it eastlike diel krige ûnder de namme Wiskonsin de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Iowa | 4 july 1848 | 28 des. 1846 | it súdlike diel krige ûnder de namme Iowa de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Oregon | 14 aug. 1848 | 14 febr. 1859 | it súdwestlike diel krige ûnder de namme Oregon de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Minnesota | 3 maart 1849 | 11 maaie 1858 | it eastlike diel krige ûnder de namme Minnesota de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Nij-Meksiko | 9 sept. 1850 | 6 jan. 1912 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Nij-Meksiko de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Utah | 9 sept. 1850 | 4 jan. 1896 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Utah de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Washington | 2 maart 1853 | 11 nov. 1889 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Washington de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Kansas | 30 maaie 1854 | 29 jan. 1861 | it eastlike diel krige ûnder de namme Kansas de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Nebraska | 30 maaie 1854 | 1 maart 1867 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Nebraska de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Kolorado | 28 febr. 1861 | 1 aug. 1876 | krige ûnder de namme Kolorado de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Nevada | 2 maart 1861 | 31 okt. 1864 | krige ûnder de namme Nevada de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Dakota | 2 maart 1861 | 2 nov. 1889 | it oerbleaune diel waard opspjalten yn twa dielen, dy't ûnder de nammen Noard-Dakota en Súd-Dakota de status fan Amerikaanske steaten krigen |
Territoarium Arizona | 24 febr. 1863 | 14 febr. 1912 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Arizona de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Idaho | 3 maart 1863 | 3 july 1890 | it oerbleaune diel krige ûnder de namme Idaho de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Montana | 26 maaie 1864 | 8 nov. 1889 | krige ûnder de namme Montana de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Wyoming | 25 july 1868 | 10 july 1890 | krige ûnder de namme Wyoming de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Oklahoma | 2 maaie 1890 | 16 nov. 1907 | gearfoege mei it Yndiaansk Territoarium, wêrnei't it ûnder de namme Oklahoma de status fan Amerikaanske steat krige |
Territoarium Hawaï | 30 apr. 1900* | 21 aug. 1959 | krige ûnder de namme Hawaï de status fan Amerikaanske steat |
Territoarium Alaska | 24 aug. 1912 | 3 jan. 1959 | krige ûnder de namme Alaska de status fan Amerikaanske steat |
*) mei weromwurkjende krêft jildich fanôf 12 augustus 1898.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |