Golf fan Kalifornje

Ut Wikipedy
Golf fan Kalifornje
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Meksiko en
   Kalifornysk Skiereilân
lân Meksiko
ûnderdiel fan Grutte Oseaan
sifers
maks. lingte 1.126 km
maks. breedte 241 km
oerflak 177,000 km²
djiptegemiddelde 818,1 m
djipste punt 3.000 m
wetterfolume 145.000 km³

De Golf fan Kalifornje of See fan Cortés (Spaansk Mar de Cortés / Golfo de California / Mar Bermejo, Ingelsk Gulf of California / sea of cortes, is in see fan de Grutte Oseaan, dy't it skiereilân Neder-Kalifornje (Baja California) fan it Mexikaanske fêstelân skiedet.

De Golf fan Kalifornje waard yn 1539 ûntdekt troch Francisco de Ulloa, dy't tocht dat er de trochgong fan de Grutte- nei de Atlantyske Oseaan fûn hie. Melchior Díaz ferkende it gebiet yn 1540 en konkludearre dat dit net sa wie. Díaz ûntduts wol de mûning fan de Kolorado.

De golf hat in grut ferskaat oan floara en fauna. De eilannen en beskerme gebieten yn de Golf fan Kalifornje binne opnaam yn de list fan Wrâlderfgoed fan de UNESCO.