Springe nei ynhâld

Abidjan

Ut Wikipedy
Abidjan
Polityk
Lân Ivoarkust
Regio Lagunes
Autonoom distrikt Abidjan
Sifers
Ynwennertal 3.677.115 (2020)[1]
Oerflak 422 km²
Befolkingsticht. 1700 / km²
Stêdekloft 5.381.826
Hichte 0-18 m
Oar
Stifting 1898
Tiidsône UTC+0

Abidjan is de grutste stêd fan Ivoarkust. Der wenje sa'n 4,4 miljoen minsken yn de stêd. Abidjan is it ekonomyske en yndustriële sintrum fan Ivoarkust en ek de belangrykste havenstêd. Nei Lagos is it de twad-grutste stêd yn West-Afrika.

Yn 1931 waard der in nije skipswerf boud en yn 1933 waard Abidjan de haadstêd fan de doetiidske Frânske koloanje. Dêrnei groeide it ynwennertal fan Abidjan hurd nei 65.000 ynwenners yn 1950 nei in miljoenestêd hjoed de dei. Yn 1983 waard Yamoussoukro de nije haadstêd fan Ivoarkust, mar de measte politike ynstituten en ambassades bleaunen yn Abidjan.

Yn de stêd libje ek nei de ûnôfhinklikheid fan Ivoarkust noch in protte Frânsen. De mearderheid fan de ynwenners hat it Frânsk as memmetaal. Abidjan is mei Parys, Kinshasa en Libreville ien fan de grutste Frânsktalige stêden op 'e wrâld.

Abidjan bestiet út de stedsdielen:

  • Le Plateau
  • Abobo
  • Adjamé
  • Attécoubé
  • Cocody
  • Koumassi
  • Marcory
  • Port-Bouët
  • Treichville
  • Yopougon

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Resultaten folkstelling 2014 (sjoen op 29 augustus)