Midfrânsk

Ut Wikipedy

It Midfrânsk is de histoaryske foarm fan it Frânsk sa't dat tusken likernôch 1300 en 1600 sprutsen waard. Dat wie de perioade wêryn't it Frânsjaansk (francien), it dialekt fan Île de France, de krite om Parys hinne, foargoed boppe alle oare yn Frankryk sprutsen talen en dialekten pleatst waard, nammentlik troch it Edikt fan Villers-Cotterets, dat yn 1539 útfurdige waard troch kening Frâns I.

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.