Besançon

Ut Wikipedy
Besançon
Loftfoto fan it âlde sintrum fan Besançon
Loftfoto fan it âlde sintrum fan Besançon
Emblemen
               
Polityk
Lân Frankryk
Regio Boergonje-Franche-Comté
Departemint Doubs
Arrondissemint Besançon
Kanton Besançon-1 oant en mei -6
Sifers
Ynwennertal 118.258 (1 jannewaris 2020)
Oerflak 65,05 km²
Befolkingsticht. 1800 /km²
Hichte 235-610 m
Oar
Postkoade 25000
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 47° 14' N 6° 01' E
Offisjele webside
www.besancon.fr
Kaart
Besançon (Frankryk)
Besançon

Besançon (útspraak Frânsk: [bəzɑ̃sɔ̃], Arpetaansk: [bəzɑ̃ˈsɔ̃], argaysk Dútsk: Bisanz, Latyn: Vesontio) is in stêd yn it easten fan Frankryk, tichteby de bergen fan de Sjuera en likernôch 60 km fan de grins fan Switserlân. De stêd is de prefektuer fan it departemint Doubs en de sit fan de Regionale Ried fan de regio Boergonje-Franche-Comté, wylst Dijon offisjeel dêr de haadstêd fan is.

De stêd is de haadstêd fan de histoaryske en kulturele regio Franche-Comté en is it sit fan ien fan de 15 tsjerkeprovinsjes fan Frankryk. De stêd leit yn in kringel oan de rivier de Doubs op in fanâlds goed te ferdigenjen heuvel. Op de lânferbing fan it skiereilân stiet heech boppe de Doubs de Sitadel fan Besançon, dy't sûnt 2008 in Wrâlderfgoed fan UNESCO is.

De stêd is it sintrum fan de horloazjemakkers yn Frankryk en dat late ta dat de stêd it sintrum fan ynnovearjende bedriuwen op it mêd fan mikrotechnology, mikromechanika en biomedyske technology. De Universiteit fan Franche-Comt, dy't yn 1423 oprjochte waard, hat likernôch 30.000 studinten.

Besançon hat goed 118.000 ynwenners, wylst it stedsgewest goed 280.000 ynwenners hat en is dêrmei de twadgrutte stêd fan de regio.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard yn 58 f.Kr. foar it earst neamd as Vesontio yn de Commentarii de Bello Gallico fan Julius Caesar. De betsjutting is net wis, mar de oarsprong is nei alle gedachten fan Keltysk komôf, dêr't ves/wes "berch" of "heuvel" betsjut. Yn de fjirde iuw waard de letter V ferfongen troch in B en de namme feroare ta Besontio of Besontion. Om't de stêd tichteby de grins fan it Frânsk-Dútske taalgebiet leit waard it yn it Midheechdútsk Bisanz en yn it Frânsk feroare it stadichoan ta it hjoeddeistige Besançon. De ynwenners fan de stêd neame harsels noch hieltyd Bisontins.

Aldheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rekonstruksje fan de Gallyske oppidium Vesontio

De stêd leit yn in kringel oan de rivier de Doubs, in sydrivier fand e Saône, en wurdt oan trije kanten troch de Doubs omjûn. Oan de lânkant wurdt it troch in berch begrinzge. Yn de brûnstiid, likernôch 1500 f.Kr. setten Gallyske stammen, lykas de Sekuanen, harren yn dat gebiet nei wenjen. De Saône foarme de grins fan it wengebiet fan de Sekuanen en de Haduers. Eltse stamme easken it gebiet fan de rivier en heften tol op de hannel oer de rivier. De Sekuanen hiene de kontrôle oer de tagong ta de Ryn en bouden in [[oppidium[[ (in fersterke stêd) Vesontio om harren belangen te ferdigenjen. De Sekuanen , mei help fan de Arvernen en de Germaanske Sueven ûnder de Germaanske kening Ariovistus, fersloegen de Haeduers yn de Slach by Magetobriga en slachten harren dêr ôf.

Julius Caesar beskreau Vesontio, yn syn beskriuwings fan 'e Gallyske kriich, as it grutste plak fan de Sekuanen en neamde dat in houten palissade dy't om de stêd hinne boud wie. Ut de Romeinske tiid stamje in poarte, Porte Noire, oerbliuwsels fan in teäter en in akwadukt.

Yn de fjirde iuw waard de stêd in biskopsit en waard in katedraal boud.

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 dêr't it Karolingyske Ryk yn trijen ferparte waard, kaam Besançon yn it keninkryk Loataringen te lizzen. Yn 1034 waard de stêd mei it keninkryk Boergonje in part fan it Hillige Roomske Ryk. Boergonje wie sûnt 843 ferdield. It westlike part waard it hartochdom Boergonje ûnder it keninkryk Frankryk en in part fan it eastlike part waard it frijgreefskip Boergonje, dêr't Besançon part fan wie, wie part fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1184 waard de stêd in frije ryksstêd en yn 1157 hold keizer Freark Barbarossa de Ryksdei fan Besançon. Op dy Ryksdei wiene twa fertsjintwurdigers fan paus Adrianus IV, de kardinalen Roland fan San Marco, de lettere paus Aleksander III en Bearn fan San Clemente oanwêzich, dy't publyklik in brief fan paus Adrianus foarliezen dêr't yn stie dat de keizer in pauslik benefisium wie. De brief misledige hartoch Otto I fan Beieren sadanich dat er Roland mei in striidbile bedrige, mar keizer Freark kaam tefoaren dat de kardinaal troffen waard. De aartsbiskoppen waarden yn 1288 ta foarsten fan it Hillige Roomske Ryk ferheft. De nauwe relaasje tusken de stêd en it Ryk is te sjen yn it stedswapen. Yn 1290 krige Besançon fan de keizer mear frijheid fan de aartsbiskoppen, nei in lange striid tusken de aartsbiskoppen en de boargers fan de stêd dy't mear frijheid neistribben. De striid tusken de stêd en de aartsbiskoppen duorre wol oant yn de fyftjinde iuw.

Renêssânse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Porte Noire en katedraal Saint-Jean
Gesicht op Besançon trch Pierre d'Argent (1575)

Yn de fyftjinde iuw kaam Besançon ûnder de ynfloed fan de hartoggen fan Boergonje. Nei it houlik fan Marije fan Boergonje en keizer Maksimiliaan I waard de stêd winliken in liengoed fan de Habsburgers. Yn 1519 waard Karel V, harren pake-en-beppesizzer, keizer fan it Hillige Roomske Ryk en hartoch fan Boergonje. BesanFn mei it Franche-Comté kaam ûnder syn hearskippij. Yn 1526 krige de stêd it rjocht munten te slaan. Alle munten dy't slein waarden, hiene de namme fan Karel V.

Sitadel fan Besançon

Doe't Karel V yn 1555 fan de troan ôf stapte joech er it Franche-Comté oan syn soan Filips II fan Spanje. Besançon bleau in frije ryksstêd ûnder de beskerming fan de kening fan Spanje. Yn 1598 joech er de provinsje oan syn dochter dy't aartshartoch Albrecht fan Eastenryk boaske. It bleau offisjeel in part fan it Hillige Roomske Ryk oant de Frede fan Westfalen yn 1648. Spanje krige kontrôle oer it Franche-Comté en Besançon ferlear syn status as frije ryksstêd. Dêrnei, yn 1667, easke de Frânske kening Loadewyk XIV de provinsje op nei't er Maria Teresa fan Spanje boaske yn de Devolúsjekriich.

Loadewyk oermastere de stêd foar it earst yn 1668, mar by de Frede fan Aken waard it gebiet yn in moanne letter werom oan Spanje jûn. Doe't de stêd yn Frânske hannen wie, krige de ferneamde Frânske militêre ynzjenieur Sébastien Le Prestre de Vauban opdracht en tekenje plannen op foar de ferdigening fan de stêd. De Spanjerts bouden dêrnei lykwols fêstingswurken op de berch Mont Saint-Étienne, dy't de iennige lânferbining fan de stêd tusken de lus fan de rivier de Doubs, dêr't de stêd op lei foarme.

Yn 1674 kaam de stêd definityf oan Frankryk, nei't it Franche-Comté by de Frede fan Nimwegen yn 1678 oan Frankryk tawiisd waard. Besançon waard it bestjoerlike sintrum fan de provinsje. Vauban ûntwikkele de Spaanske fêstingwurken fierder en de Sitadel fan Besançon waard yn 1711 lang om let foarme. Ek it ferdigeningswurk om de stêd hinne waard ferbettere.

Besançon wie tagelyk in aartsbisdom dy't ta de Bopperynske Rykskrite yn it Hillige Roomske Ryk hearde. De aartsbiskop fan Besançon wie in ryksfoarst en hold in persoanlike stim yn de ryksfoarsteried yn de Ryksdei.

Oant de njoggentjinde iuw wie de wynbou en -hannel de wichtichste boarne fan de ekonomy. Yn 1793 brocht de Switser Laurent Mégevand de horloazje-yndustry nei Besançon en dat waard al gau wichtich foar de ekonomy yn de stêd. Yn 1862 waard in fakskoalle iepene, de École d’Horlogerie. Oant de ein fan de njoggentjinde iuw bleaune de yndustry en hannel yn de stedsmuorren. Mei it bouwen fan it spoarstasjon yn 1856 ferskode de ekonomyske swiertepunt bûten de âlde stêd. Oan de ein fan dy iuw kaam deer in tramnetwurk. Nei de Earste Wrâldkriich wie der in grutte wenningneed en waard in part fan it âlde fêstingwurk om de stêd hinne ôfbrutsen en waarden nije wenwiken boud. Sûnt de 1960-er jierren waarden hege flatgebouwen boud yn de bûtenwiken. Tagelyk krige it âlde stedssintrum wetlike beskerming. Yn 1959 joech it Frânske leger de Sitadel oan de gemeente en waard in museum.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Besançon en omlizzende gemeenten

Besançon leit yn it easten fan Frankryk likernôch 60 km fan de grins mei Switserlân ôf en 325 km eastlik fan Parys. De stêd leit oan de ouwers fan de rivier de Doubs en oan de râne fan de bergen fan de Sjuera.

Topografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Besançon ûntjoech him foar it earst yn in wichtige meänder fan de Doubs mei in diameter fan krapoan ien kilometer, op in hichte fan likernôch 250 meter. Dy meänder, dy't de foarm hat fan in hast folsleine lus, is ôfsletten en wurdt begrinzge troch de Mont Saint-Étienne. Dêrnei wreide de stêd him út yn in gea dy't omjûn wurdt troch sân heuvels: Chaudanne (422 m), Bregille (458 m), Saint-Étienne (371 m), Roche d'Or (316 m), Planoise (490 m), Rosemont (466 m) en Fort-Benoit (360 m). It heechste punt fan de stêd (620 m) is by Fort Chailluz (ek bekend as Fort de la Dame Blanche), op de top fan de Avant-Monts.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besançon is ûnder de ynfloed fan beide in seeklimaat (sjoen nei de hoemannichte en frekwinsje fan de delslach) en in lânklimaat mei strange winters (snie, froast) en waarme en drûge simmers. De trochsneed temperatuer is 11.5 °C. The waarmste moanne is july 20 °C en de kâldste is jannewaris 2.1 °C. Besançon hat in trochsneed jierlikse delslach fan 1,059 mm. De wietste moanne is maaie (108.4 mm); de drûchste is augustus (76.9 mm). De heechste temperatuer ea wie op 28 july 1921, mei 40.3 °C en de leechste ea wie −20.7 °C op 1 jannewaris 1985.

 Waaroersicht foar Besançon, Frankryk 
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
trochsneed maksimum (°C) 5,8 7,6 12,1 16,1 19,9 23,6 25,7 25,5 21 16,1 10 6,4 15,8
trochsneed minimum (°C) 0,1 0,2 3 5,6 9,4 12,9 14,7 14,5 11,1 7,7 3,5 0,9 7
delslach (mm) 89,7 81,2 85 86,6 107,9 97,5 88,8 96,1 100,7 111,7 106,5 105,3 1.157
boarne: Météo-France[1]

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnenhôf fan it âlde stedhûs
De 14 wiken fan Besançon
  1. La Boucle
  2. Velotte
  3. La Butte
  4. Battant
  5. Les Chaprais
  6. Bregille
  7. Saint-Ferjeux
  1. Montrapon
  2. Saint-Claude
  3. Palente
  4. Les Clairs-Soleils
  5. Planoise
  6. Les Tilleroyes
  7. Chailluz

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin fan 1793 ôf [2][3]
1793 1821 1831 1841 1851 1861 1872 1881 1891 1901 1911 1921 1931 1946 1962 1975 1990 2007 2020
25.328 26.388 29.167 36.461 41.295 46.786 49.401 57.067 56.055 55.362 57.978 55.562 60.367 63.508 95.642 120.315 113.828 117.836 118.258

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galloromaanse bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Porte Noire (Swarte Poarte), in triomfbôge dy't ûnder it bewâld fan keizer Markus Aurelius yn de 2e iuw boud waard.
  • Square Castan, lyts park mei argeologyske oerbliuwsels út de 2e of 3e iuw, wêrûnder acht Korintyske pylders
  • oerbliuwsels fan de arena fan Vesontio; der binne noch mar in pear treppen en fundearrings fûn, de stiennen waarden yn de midsiuwen op grutte skaal brûkt foar de konstruksje fan nije gebouwen.

Fêstingwurken en militêre bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besjen wurdich yn de stêd binne ûnder oaren de Sitadel fan Besançon, dy't op de list fan it Wrâlderfgoed fan UNESCO stiet, en njonken de sitadel binne der ek fersterkings yn de âlde binnenstad (Tour des Cordeliers, Tour de Chamars, Tour Notre-Dame en Tour Rivotte) en lytse forten om de stêd hinne (Fort Griffon, Fort du Petit-Chaudanne, Fort de Chaudanne, Fort de Trois-Châtels, Fort Brégille en Fort Beauregard).

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste religieuze monumint is de Sint-Janskatedraal. Oare âlde tsjerken binne de Église Saint-Maurice en de Église Sainte-Madeleine (yn de wyk Battant, út de 18e iuw), Notre-Dame-du-Foyer, de Basilyk Saint-Ferjeux yn romaansk-byzantynske styl justjes bûten de âlde stêd en de Sint-Pitertsjerke.

De synagoge fan Besançon is boud fan 1867 oant 1870 en hat Neomoarske arsjitektuer.

Oare gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It Granvellepaleis is in paleis út de renêssânse-arsjitektuer boud fan 1533 oant 1542 foar Nicolas Perrenot de Granvelle, kânselier en segelbewarder fan keizer Karel V.
  • It stedhûs fan Besançon is ek in gebou út de renêssânse-arsjitektuer. It gebou waard boud yn 1393, mar waard yn 1573 feroare en fergrutte.
  • It Paleis fan Justysje waard tusken 1582 en 1587 boud troch de arsjitekt Hugues Sambin en heeft een gevel in renaissancestijl.
  • De Quai Vauban waard tusken 1691 en 1695 boud troch de yngenieur Isaac Robelin. It is in monumintaal nustje huzen mei arkaden oan de ouwers fan de Doubs.
  • It Grenier is in nôtopslachplak yn it ancien régime.

Museums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Museum foar Skjinne Keunsten en Archeology
  • Museum foar Skjinne Keunsten en Archeology (Musée des Beaux-Arts et d'Archéologie), mei skilderings, byldsnijwurken en in archeologyske samling.
  • Museum fan de Tiid (Musée du Temps), yn it histoaryske renêssânsepaleis Granvelle.
  • Museum fan it Ferset en de Deportaaasje (Musée de la Résistance et de la Déportation), yn de sitadel.
  • Natoerhistoarysk Museum, yn de sitadel.
  • Museum foar etnografy en regionale skiednis fan Franche-Comté (Musée Comtois), yn de sitadel.
  • Berteplak fan Victor Hugo.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Autoferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besançon wurdt betsjinne troch de autodyk A36 dy't Boergonje mei de Elzas ferbynt. De nasjonale dyk 57 ferbynt de stêd yn it noarden mei Metz, Nancy en Vesoul en yn it suden mei Pontarlier en de grins mei Switserlân.

Yn 1996 waard in autotunnel ûnder de sitadel iepene en tusken 2003 en 2009 waard yn it westen in ringwei om de stêd hinne oanlein.

Spoarferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twa tramlinen fan Besançon

Yn de stêd lizze de spoarstasjons Besançon-la Mouillère en Besançon-Viotte. It TGV-stasjon Besançon Franche-Comté TGV leit yn de njonkenlizzende gemeente Les Auxons. Dat stasjon is mei in pleatslike TER-trein ferbûn mei it hoaadstasjon Besançon-Viotte yn de stêd. Guon TGV-treinen hawwe Viotte as begjinpunt en stopje dêrnei yn Besançon-TGV.

Troch de TGV binne de reistiden nei Parys (2 o 10 min), Lyon (2 o) en benammen Straasburch (1 o 40 min) koarter. Oer dy hegefaasjeline hat Besançon ek streekrjochte ferbinings mei Frankfurt am Main (4 o), Lúksemboarch, Marseille (3 o 50 min), Montpellier (3 o 50 min), Nancy en Nice.

Stedsferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de stêd leit in tramline fan 14,5 km lang, dy't fan east nei west rydt. Dy line waard op 30 augustus 2014 iepene. Tramline 1 rydt it langere trajekt en tramline 2 hat deselde einpunt yn it westen, mar einiget oer in koarte sydline by it spoarstasjon Besançon-Viotte. Yn it easten is der in koart trajekt mei in inkelde spoar.

Stêdebannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) Meteo France. [1].
  2. EHES
  3. INSEE (1968-2017)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Besançon fan Wikimedia Commons.