Benefisium

Ut Wikipedy

In benefisium (fan it Latynske bene = goed en ficere = dwaan) wie in as geunst oanbean amt yn de Midsiuwen. It waard yn it wrâldske en tsjerklike rjocht brûkt.

Wrâldsk rjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ekonomy fan it Frankyske Ryk dêr't ruiljen ornaris as betelmiddel brûkt waard, waarden lienmannen beleanne troch harren grûn, en de frucht dêrfan te jaan. Dat waard ynearsten benefisium neamd en dêrmei koe de hear syn fazallen ûnder himsels ferbûn hâlde. Hja wiene ferplichte de hear te helpen mei striidkrêften yn strideraasjes. Sa ûntjoech him stadichoan it systeem fan it feodalisme. Fan de tsiende iuw ôf waard der mear sprutsen fan feodum en waard benefisium allinnich mar brûkt foar it tsjerklik amt.

Tsjerklik rjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de fyfde iuw waard der allinne sprutsen fan ien ynkommen fan in bisdom. Dêrnei waarden guon saken foar it libben yn lien oanbean oan geastliken. Dat woeks út ta in geastlik amt (offisium) mei dêroan it rjocht op it ynkommen út de prebinde ferbûn. It ynkommen kaam fan de opbringsten fan skinkingen, bygelyks fan grûn, fan leauwigen. Dat ynkommen waard opgarre troch op in fêst plak en op fêste tiden missen te hâlden oan in dêrfoar ornearre alter. Dat koe bygelyks in alter fan in skutterij of bruorskip wêze.