Nasjonale taal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In nasjonale taal is in taal dy't de iene of oare wetlike of feitlike bân hat mei in folk en it gebiet dat troch dat folk bewenne wurdt. Yn 'e regel is de nasjonale taal de wichtichste taal fan in beskaat lân of territoarium, en yn 'e measte gefallen komt de nasjonale taal oerien mei de offisjele taal fan dat lân of territoarium. As der lykwols gjin as sadanich wetlik fêstleine offisjele taal bestiet (lykas yn it gefal fan 'e Feriene Steaten), wurdt gauris fan in 'nasjonale taal' sprutsen om te ferwizen nei de taal (yn it gefal fan 'e Feriene Steaten it Ingelsk) dy't him de facto de funksje fan in offisjele taal ta-eigene hat.

Soms wurdt de term 'nasjonale taal' ek brûkt om 'e legere offisjele status fan regionale offisjele talen oan te jaan; sa hat de Demokratyske Republyk Kongo mar ien offisjele taal, it Frânsk, mar besteane der dêrnjonken fjouwer as sadanich by wet fêstleine nasjonale talen (Kongo, Lingala, Lûba en Swahily), dy't in offisjele status hawwe yn ien of mear provinsjes. Yn dit ramt soe de status fan it Frysk yn Nederlân as 'twadde rykstaal' ekwivalint wêze oan 'e status fan in nasjonale taal.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 227.