Sansibareilannen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In lânkaart fan 'e beide grutste eilannen fan 'e arsjipel: Sansibar en Pemba.

De Sansibareilannen binne in arsjipel dy't foar de kust fan East-Afrika yn 'e Yndyske Oseaan leit. Fan âlds steane dizze eilannen ek wol bekend stiet as de Speserij-eilannen (al wurdt dy term faker brûkt foar de Molukken). Steatkundich hearre de eilannen ta Tanzania. Der binne fjouwer haadeilannen, wêrfan't Sansibar (of Unguja), Pemba en Mafia bewenne binne, wylst it lytse en isolearre Latham in ûnbewenne koraaleilân is, dat fan krúsjaal belang is as nêstelplak foar seefûgels. Fan 'e lytsere eilantsjes om Sansibar en Pemba hinne is it grutste diel ûnbewenne. It meastepart fan 'e Sansibareilannen foarmet de autonome republyk Sansibar binnen it steatsferbân fan Tanzania; mar Mafia heart ta de Pwani-regio fan it Tanzaniaanske fêstelân. De eilannegroep wurdt fan it fêstelân skaat troch in trijetal seestrjitten, fan noard nei súd it Kanaal fan Pemba, it Kanaal fan Sansibar en it Kanaal fan Mafia.

Eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadeilannen
lytsere eilantsjes om Sansibar (Unguja) hinne
lytsere eilantsjes om Pemba hinne

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.