Kanaal fan Sansibar
Kanaal fan Sansibar | ||
geografy | ||
type wetter | seestrjitte | |
lokaasje | foar de kust fan East-Afrika | |
lân | Tanzania | |
koördinaten | 06°00′S 39°00′E | |
ûnderdiel fan | Yndyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 120 km | |
maks. breedte | 40 km | |
djiptegemiddelde | ±100 m | |
djipste punt | ±200 m |
It Kanaal fan Sansibar is in seestrjitte dy't diel útmakket fan 'e Yndyske Oseaan. Dit wetter skiedt it Tanzaniaanske eilân Sansibar, ien fan 'e Sansibareilannen, fan it fêstelân fan East-Afrika.
It Kanaal fan Sansibar is 120 km lang fan noard nei súd, en 36 oant 40 km breed fan east nei west. De djipte rint útinoar fan 20 oant 30 m yn 'e midden, oant likernôch 200 m oan 'e noard- en súdkant. Under de lêste iistiid moat dizze seestrjitte suver drûchfallen wêze en sa in lânbrêge tusken it eilân Sansibar en it Afrikaanske fêstelân foarme hawwe.
De súdlike yngong ta it Kanaal fan Sansibar wurdt oanjûn troch in fjoertoer op it Ras Kanzi-skiereilân op it Tanzaniaanske fêstelân, likernôch 22 km besuden de stêd Dar es Salaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |