Paul von Lettow-Vorbeck
Paul Emil von Lettow-Vorbeck (Saarlouis, 20 maart 1870 - Hamburch, 9 maart 1964) wie in Dútske generaal dy’t ferneamd wurde soe, doe't yn de Earste Wrâldkriich alliearde soldaten it Dútsk East-Afrika ynfoelen.
Von Lettow-Vorbeck wie befelhawwer fan it leger yn dy Dútske koloanje en koe mei in lyts legerke fan om-ende-by 2.000 man en in soad lânseigen soldaten, in allieard leger fan likernôch 100.000 man fjouwer jier dwaande hâlde. Hy joech him pas oer op 25 novimber 1918, dat wie twa wiken nei de Dútske kapitulaasje. Von Lettow wûn sels noch in gefjocht op 13 novimber, twa dagen nei it ûndertekenjen fan de wapenstilstân. Fan de Britten krige er te hearren dat der frede sletten wie. Dêrnei folgen ûnderhannelings en de Britten joegen Von Lettow in earfolle oerjefte, dêr't hy mei akkoard gong. Op 25 novimber 1918 kaam er offisjeel in ein oan de Earste Wrâldkriich yn East-Afrika.
Op 25 novimber gongen alle soldaten fan Von Lettow mei nei it doarp Abercorn. Syn offisieren, tritich yn getal, waarden oan de Britske brigadegernaal W.F.S. Edwards foarsteld. As bewiis fan har achtinge foar de dappere tsjinstân mochten de offisieren har wapens hâlde. Ek de Askary-soldaten leinen harren wapens del en marsjearden oarderlik nei it kriichsfinzenenkamp. It waard doe wol dúdlik dat in tige lytse groep fan Dútske soldaten tsjin de alliearden striden hie. Der wienen op dat stuit noch mar 30 Dútske soldaten, 125 ûnderoffisieren en manskippen, 1168 askary, 1522 dragers en inkele hûnderten froulju. De Spaanske gryp soarge foar noch 11 slachtoffers.
It wie foar de Britten hast net te begripen dat Von Lettow it mei sa'n lyts leger sa lang úthâlde koe, wylst de Britten mei mear as 100.000 soldaten wienen. Nei alle gedachten binne yn de kriich yn Afrika in pear tûzen manskippen sneuvele of omkaam troch sykten en koste de oarloch de alliearden mear as 200 miljoen pound sterling.
Nei de kriich die bliken dat de Britten in soad respekt hienen foar de generaal. Se nûgen him sels út as earegast op in reuny fan âld-striders. Yn alle gefallen hienen sy oprjochte bewûndering foar de prestaasjes fan dizze man.