Springe nei ynhâld

Bolster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bonkierde)

Bolster of bonkierde is de boppeste sêfte laach fan it heechfean. It is net geskikt foar turf en wurdt dêrom wol as struisel brûkt. It bonkjen, it fuortheljen fan de bonkierde, barde eardat it fean útstutsen wurde koe. De bonkierde waard op in stik smiten dêr't it heechfean al weihelle wie. De ferminging fan sân mei bonkierde en dong makket de delgrûnen ta fruchtbere grûn.