Pear fan Weardinge

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Pear fan Weardinge binne twa feanliken dy't op 29 juny 1904 troch feanarbeider Hilbrand Gringhuis[1] fûn binne yn it Weardingerfean[2] by Weardinge yn Drinte. De feanliken lizze no yn it Drintsk Museum yn Assen.

Nei de fynst waarden de lichems oerbrocht nei it lykhûs op it begraafplak fan Nij-Weardinge. Hjirta waarden de liken oprôle en yn in kistke stoppe.[2] Earst waard der fan útgien dat it hjir om in man en in frou gie, mar resint DNA-ûndersyk hat útwiisd dat it hjir om twa manlju giet mei elk in oare mem. Yn it earstoan stie de fynst dan ek wol bekend as echtpear fan Weardinge en yn de folksmûle ek wol as it echtpear Feanstra.
De feanliken datearje út de lette izertiid. De deadsoarsaak fan it rjochter feanlyk is mooglik in messtek yn't boarst. Hast alle bonken binne fergien. Wol binne in tal yngewanten bewarre bleaun. Dat komt troch de soeren dy't yn it fean sieten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Famke fan Yde, froulik feanlyk út deselde perioade as wêryn it pear fan Weardinge libbe.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website Drents Museum
  2. 2,0 2,1 Gerding, M & Hillinga, H. (2007). Het Drenthe Boek. Zwolle: Waanders Uitgevers.