Oerlis:Pear fan Weerdinge

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Weardinge of Weerdinge[boarne bewurkje]

@Drewes @Ieneach fan 'e Esk @RomkeHoekstra @FreyaSport @Mysha, ik wol jim leafst net wer lêstich falle mei dat ivich geëamel oer dy plaknammen, mar ik woe jim miening al even oer dit aljemint hawwe. Dizze side hat it oer Weardinge, in doarp by Emmen. Moatte we no de side oer dat plak ek ferfryskje om konsekwint mei dizze side te wêzen? Dan is der ek noch Nieuw-Weerdinge dy soe dan ek ferfryske wurde moatte, of moatte we dizze side mar omneame ta "Pear fan Weerdinge" nei de offisjele namme? Kneppelfreed (oerlis) 6 des 2022, 06.27 (CET)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed Ik sit te twiveljen yn dizze, it is net in Frysk doarp, en it leit yn it Nedersaksyske taalgebiet dat ik soe hjir foar it plaknamme Nieuw-Weerdinge it Nedersaksysk yn folgje, wat yn it Nedersaksysk Nei-Weerdinge is. En dan soe it Pear fan Weardinge it Pear fan Weerdinge wêze moatte. Mar ik twivelje hjir oer. FreyaSport (oerlis) 6 des 2022, 09.30 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed De yn 2019 fêststelde list is liedend en dêr wurdt it doarp net op neamd. De ôfspraak is dat wy dan yn prinsipe de offisjele namme brûke. As der dochs noch earne boarnen fûn wurde wêrút it bliken docht dat der in Frysktalige fariant fan de plaknamme bestiet, dan kin dat mei it neamen fan dy boarne(n) feroare wurde. Mar yn sokke gefallen is oerlis it bêste, sadat der letter oer deselde namme gjin nije diskusje ûnstiet en it ek foar de minsken dy't hjir skielk wurkje noch te folgjen is. Sûnder boarne(n) dus de offisjele namme Weerdinge en Nieuw-Weerdinge oanhâlde en dizze side omneame ta it Pear fan Weerdinge.--RomkeHoekstra (oerlis) 6 des 2022, 09.39 (CET)[beäntwurdzje]
Ik mei gewoan graach Fryske nammen hawwe. Dat, at jo it tsjin in oare Fryskprater oer dy omkriten hatst, soenen jo dan Plat prate, of soenen jo der in Fryske namme foar fine? Hoe ek docht "Pear fan Weerdinge" wat nuver oan. "Spantsje fan Weardinge" haww wy ek, en dat hat net sa'n lûdbotsing-eftich ferskynsel. En oarsom binne der guont dy't yn it Hollânsk "Weardinge" skriuwe, dat de grûn foar dy stavering is der al. Is der immen dy't it net lêze kin by "Weardinge"? Mysha (oerlis)
@Mysha Oer de Fryske plaknammen: sjoch de diskusje fan 2019 'Ferfrysking of net-ferfryskjen fan plaknammen bûten Fryslân' op de oerlisside. Wat de twa feanliken oanbelanget: wy witte net oft it in 'spantsje' is yn de betsjutting fan in (echt)pear. Neffens ûndersyk binne it twa manlju, dy't miskien wol in 'pearke' foarmen en dêrom fermoarde binne, mar hja kinne it sels net neisizze. It lemma soe ek omneamd wurde kinne ta 'De feanliken fan Weerdinge', mar miskien binne der noch wol mear, dat ik soe it sa mar litte.----RomkeHoekstra (oerlis) 6 des 2022, 10.56 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed en RomkeHoekstra: Dy list is fansels mar in helpmiddel, Romke. As der echt in namme is dy't ferfryske wurde moat en dy't we doe oer de holle sjoen hawwe, dan kinne we de list yn ûnderling oerlis altyd noch oanpasse. Mar wat my betreft is dit net in gefal wêrby't dat nedich is. Ik soe it moai yn it Nederlânsk stean litte. Ik haw noch nea fan Weerdinge heart en ik sjoch net yn wêrom't we alderhanne obskuere plaknammen bûten Fryslân ferfryskje moatte as sa'n ferfrysking net ynboargere is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 des 2022, 23.32 (CET)[beäntwurdzje]

Tige tank foar jim mieningen. Dan neam ik dizze side om ta "Pear fan Weerdinge". De iennige reden dat ik frege om ferfryskjen of net fan de plaknamme Weerdinge wie dat dizze side al bestie en dêr "Weardinge" brûkt waard. Dêrom brocht ik it even op it aljemint. @FreyaSport: de Nedersaksyske namme te brûken is net winsklik. We brûke foar de plaknammen bûten Fryslân in Fryske namme as der bûten de Wikipedy om in tradisjonele Fryske namme bestiet, lykas by Grins, Swol, Utert, Dimter, Berlyn, ensfh. As dy der net is brûke we de offisjele nammen. En de Nedersaksyske nammen binne net de offisjelen. Wol wurde dy der almeast tusken heakjes yn 't skean byneamd. In útsûndering is dat by guon Eastfryske en Noardfryske nammen we de Sealterfryske en Noardfryske namme brûke. Dat wie yn 't begjin al dien tink ik út solidariteit mei de oare Fryske talen.--Kneppelfreed (oerlis) 7 des 2022, 04.19 (CET)[beäntwurdzje]