Springe nei ynhâld

Okko II tom Brok

Ut Wikipedy
Okko II tom Brok wurdt finzen foarlieden oan Fokko Ukena nei de Slach op de Wylde Ikkers yn 1427 (Tjarko Meyer Cramer, 1803)

Okko II tom Brok , meastentiids stavere as Ocko II tom Brok (* 1407 - † 1435) wie in Fryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Keno II tom Brok.

Yn de Grutte Fryske Oarloch (1413-1422) wie Okko ien fan de befelhawwers fan de Alliearden. As oanfierder fersloech hy yn de Slach by Okswertersyl, ien fan de grutte fjildslaggen yn dy oarloch, de Skieringske partij. Doe't syn heit yn 1417 stoar, folge Okko him op as haad fan de famylje Tom Brok. Hjirtroch erfde hy sa'n grutte hearskippij, dat er him lânshaadling fan East-Fryslân neame koe. Syn macht naam noch fierder ta doe't er him ek bemoeie gie mei it troch earnstige partijtwisten fan Skieringers en Fetkeapers ferdielde Westerlauwersk Fryslân en Grinslân. Hy stjoerde in leger derhinne dat ûnder lieding stie fan de oan him ferbûne haadling Fokko Ukena. Dat leger behelle ferskillende oerwinnings wêrtroch hy syn hearskippij ek yn Fryslân tusken it Fly en Iems festige koe en oer stêd Emden.

Letter, yn 1426 krige Fokko en Okko mei elkoar spul, dat útrûn op in oarloch, de saneamde East-Fryske befrijingskrigen. In soad Fryske haadlingen dy't it net sinde dat Okko it no allinnich foar it sizzen hie ferbûn har mei Fokko Ukema en ek joech de Biskop fan Münster help oan de befrijdingskriich fan de Friezen. Okko waard stipe troch it Aartsbisdom Bremen en de greven fan Hoya, Diepholz en Teklenburch.

It earste treffen by Detern waard wûn troch it leger fan Fokko Ukena en moast Okko him weromlûke op it Brookmerlân. By it twadde grutte treffen yn de Slach op de Wylde Ikers tusken Oldeborg en Mariënhafe waard it leger fan Okko op 28 oktober 1427 foarfêst ferneatige. Okko sloech op de flecht en waard letter yn Leer arrestearre en woe pas yn 1431 wer op frije fuotten komme, neidat it dien wie mei de hearskippij fan Fokko Ukema.

Nei syn dea yn 1435 stoar it geslacht Tom Brok út.