Sande

Ut Wikipedy
Sande
Wetterslot Gödens
Wetterslot Gödens
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Fryslân
Sifers
Ynwennertal 9044 (31.12.2012)
Oerflak 45 km²
Befolkingsticht. 197/km²
Hichte 2 m
Oar
Postkoade 26452
Offisjele webside
www.sande.de
Gemeentewapen

Sande is in plak en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente foarmet in ûnderdiel fan it Landkreis Fryslân.

Buorgemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it noarden grinzget Sande oan it grûngebiet fan de stêd Schortens, yn it noardeasten oan de stêd Wilhelmshaven, yn it suden oan de gemeenten Bockhorn en Zetel en yn it westen oan de gemeente Friedeburg.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Sande bestiid út fiif Ortsteilen: Sande, Neustadtgödens, Cäciliengroden, Mariensiel en Dykhausen.

It gebiet fan de eardere gemeente Gödens (Altgödens, Dykhausen, Gödens en Neustadtgödens) heart sûnt de bestjoerlike weryndieling fan 1972 by de gemeente Sande en dêrmei ta it Landkreis Fryslân. Foarhinne foelen dizze plakken ûnder it East-Fryske Landkreis Wittmund.

De mûne fan Wedelfeld by Neustadtgödens

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Marienturm fan it eardere slot (1568-1571).
  • De Sint-Magnustsjerke út de 14e iuw is it âldste gebou fan Sande.
  • It Küsteum yn Sande-Altmarienhausen is in museum mei û.o. in útstalling oer de ferdigening fan it kustgebiet en de lânbou en hat in komplete âlde smidte.
  • It Slot Gödens (1517) waard yn de styl fan de Nederlânkse renêssânse boud.
  • De poldermûne Wedelfeld waard yn 1844 boud.
  • Museum yn it Landrichterhaus Neustadtgödens (16e iuw).
  • De eardere synagoge oan de Kirchstraße yn Neustadtgödens.
  • De Oberahmer pelmûne út 1764 oan de Sanderahmer Straße yn Neustadtgödens/Sanderahm .
  • It Skulpturenpfad Kunst am Deich oan de seedyk lâns de Jadeboezem tusken Mariensiel oant Dangast.
  • De Friesischer Heerweg; in 400 kilometer lang bewizere fytspadenetwurk troch East-Fryslân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]