Springe nei ynhâld

Wesel (stêd)

Ut Wikipedy
Wesel (stêd)
Großer Markt mei de rekonstruearre Willibrordi-Dom
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Wesel
Sifers
Ynwennertal 60.230 (31-12-2019)
Oerflak 122,56 km²
Befolkingstichtens 491 /km²
Hichte 24 m boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51°40′0″N 6°37′0″E
Webside www.wesel.de

Wesel is in stêd yn it Regierungsbezirk Düsseldorf yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd is it bestjoerlike sintrum fan de kreis mei deselde namme en leit tusken it Ruhrgebiet en de Nederlânske grins. De kreis Wesel telt 60.230 ynwenners (31.12.2019).

Yn de lette midsiuwen ûntwikkele Wesel him ta in wichtige hannelsstêd. Yn 1407 waard Wesel lid fan it Hânzebûn. Ut dy tiid stamt it histoaryske riedshûs, werfan't de yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige gevel oant 2011 rekonstruearre waard.

Oars as yn de omkriten krige de reformaasje al gau ynfloed yn Wesel. Mei Peaske 1540 waard yn de domtsjerke fan Wesel it nachtmiel foar it earst ek op protestantske wize fierd. Fanôf dat stuit wie Wesel in protestantske stêd en de stêd waard in taflecht foar in soad minsken út de Nederlannen. Yn novimber 1568 kamen hja byinoar yn it saneamde Konvint fan Wesel. De ôfspraken dy't dêr makke binne hiene grutte ynfloed op de protestantske tsjerkeoarders fan Nederlân en ek Dútslân. De stêd krige yn 1578 twa sierbokalen fan de flechtlingen mei de yngravearre tekst Vesalia hospitalis (gastfrij Wesel).

It belis fan Wesel troch Nederlânske troepen op 15-23 augustus 1620.

Wesel foel yn 1609 mei it Hartochdom Kleef oan de karfoarsten fan Brandenburg ta. Yn de Tachtichjierrige Kriich waard Wesel troch Spanje beset, oant de stêd yn 1629 troch Nederlânske troepen oermastere waard. Yn de Frânsk-Nederlânske Kriich waard Wesel yn 1672 troch de Frânsen beset, dy't de stêd oant 1680 besetten en leechplonderen.

Under karfoarst Freark Willem waard Wesel lang om let útboud ta in fêsting en om de stêd waarden grêften en bastions oanlein. De stêd bestie doe út de histoaryske binnenstêd en de Mathena-foarstêd en hie trettjin poarten, wêrfan't der noch fjouwer bewarre binne. Ut de 16e oant 19e iuw datearret in rige fan fêstingwurken, dy't benammen troch Prusen en Frankryk oanlein binne. Oant yn de 20 iuw soe de militêre oanwêzigens yn Wesel in stimpel op de stêd sette. De sitadel is tsjintwurdich in kultureel sintrum, dêr't ferskate ynstellings ûnderdak fine.

Yn de Earste Wrâldkriich waarden fanút Wesel troepen nei it westlike front stjoerd. Mei de demilitarisearring fan it Rynlân yn it ramt fan it Ferdrach fan Versailles rekke Wesel syn militêre status kwyt, wylst der foar de strategyske stedsdielen oant oktober 1924 in alliearde besetting folge. Mei it begjin fan it werbewapenjen fan de Wehrmacht yn de tiid fan it nasjonaalsosjalisme waarden der op 'e nij troepen yn Wesel stasjonearre.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wesel yn 1945
De net wer opboude letgoatyske Mathenakirche

Fanwegen de strategyske lokaasje kaam de stêd yn 1945 slim ûnder fjoer te lizzen. Nei fûleinich ferset fan de Dútsers slaggen alliearde troepen by Wesel in brêge oer de Ryn oan te lizzen om dêrnei it Ruhrgebiet te oermasterjen. Om de opmars mooglik te meitsjen moast Wesel earst troch alliearde bombardeminten en besjittings op 16, 17 en 19 febrewaris hast folslein ferneatige wurde. De Wehrmacht liet alle brêgen oer de Ryn en de Lippe opblaze, lykas ek de lêste brêge oer de Ryn dy't noch yn Dútske hannen wie: de op 10 maart opblaasde en 1950 meter lange spoarbrêge. Fan dy spoarbrêge is noch in lang stik yn it lânskip werom te finen. Op 23 maart waard de stêd nochris bombardearre en doe't de alliearde troepen de stêd lang om let ynteagen wie 97% fan it stedsgebiet folslein ferneatige.

Fanôf it midden fan 1946 waard in planmjittich begjin makke mei it romjen fan it pún. In soad histoaryske gebouwen waarden net wer opboud. Fan de al rekonstruearre bouwurken binne benammen de Willibrordi-dom en it riedshûs it neamen wurdich.

De stêd is sûnt 1842 it bestjoerlike sintrum fan de kreis Wesel. Mei de weryndielings fan 1969 en 1975 waarden de gemeentegrinzen in stik útwreide. Sûnt dy tiid omfiemet de gemeente in grutter lannelik gebiet, dat fierder fan de rivieren de Ryn en de Lippe, de útbaggere Auesee en bosk foarmjûn wurdt.

Wesel is te ferdielen yn fiif stedsdielen (Stadtteile), dy't wer fierder ûnder te ferdielen binne yn saneamde Ortsteile[1]:

Alle plakken (ortsteile) fan Wesel
Stedsdielen fan Wesel
Namme Oerflak / km² Ynwennertal
(31 desimber 2019)
Ynwenners / km² Wapen
Wesel 26,08 38.300 1.469
Flüren 9,15 4.792 524
Obrighoven-Lackhausen 26,79 11.026 412
Bislich 36,53 2.560 70
Büderich 24,00 5.823 243
Mei-inoar 122,55 62.501 510

De stedsdielen besteane út de folgjende Ortsteile:

  • Wesel: binnenstêd, Blumenkamp, Feldmark, Fusternberg en Schepersfeld
  • Flüren: Flüren
  • Obrighoven-Lackhausen: Lackhausen, Obrighoven en Wittenberg
  • Bislich: Bergerfurth, Bislich en Diersfordt
  • Büderich: Büderich, Ginderich en Werrich/Perrich

Ezels fan Wesel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferneamd is de echo op de fraach "Hoe hjit de boargemaster fan Wesel" (ezel). Tsjintwurdich steane yn de stêd dêrom oeral libbensgrutte ezels, dy't kleurryk beskildere binne. De trije bistjes yn it wapen fan de stêd binne lykwols gjin ezels mar wezelings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wesel