Déborah François
Déborah François (Luik (Walloanje), 24 maaie 1987) is in Belgyske aktrise. Sy wennet op dit stuit yn Grivegnée, in foarstêd fan Luik.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al mei fiif jier kaam François mei toaniel yn oanrekking, hja hie doe in rol as Sniewytsje.[1] Op it gymnasium folge se al in teaterkursus. [2]
Se waard ûntdekt as aktrise, yn 2005, troch de regisseurs Jean-Pierre en Luc Dardenne, dy't har de froulike haadrol tafertrouden yn harren film It Bern. De film krige tige goede kritiken en gie nei it Filmfestival fan Cannes en krige in Gouden palm foar bêste film..
Nei har debút helle Déborah François har gymnasiumdiploma en koe hja yn ien tried wei troch begjinne oan har twadde filmrol yn Denis Dercourt syn thriller La tourneuse de Pages. Sy beheinde yn dy rol har mimyk ta eagen en mûle; it brocht har yn de geunst by de ynternasjonale filmkrityk, dy't har sels fergeliken mei in jonge Catherine Deneuve yn Roman Polańskis Ekel.[3] François, dy't oarsronklik les yn literatuer jaan woe, krige der in nominaasje foar in César foar yn 2007.
Nei de films '’It Bern’’ en La Tourneuse de Pages krige hja grutte rollen yn de dramafilm Les fourmis rouges en de telefyzjeproduksje Dombais et fils. Yn Stephan Carpiaux’ s Les fourmis rougesspilet hja de 16-jierrige geastlik ienfâldige Alex, dy’t ysolearre libbet yn in doarpke yn de Ardennen, en hatr bewust wurdt fan har seksuliteit. Yn Laurent Jaouis Dombais et fils wie de aktrise dy’t under oarenwar Charlotte Rampling en Julia Roberts as har grutte foarbylden sjocht, tagelyk mei Christophe Malavoy te sjen. Itselde jier siet François neist Josée Dayan en Hubert Sauper yn de s rury fan it 19e Europeeske Filmfestival fan Angers [4].
Fjouwer nije filmproduksjes folgje yn 2008,ûnder oaren ek Jean-Paul Salomés drama Les femmes de l’ombre mei Sophie Marceau, Marie Gillain en Moritz Bleibtreu.
Yn 2009 waard François mei de Romy-Schneider-priis ûnderskieden.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Aktrise
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2005 : L'Enfant - Sonia
- 2006 : La Tourneuse de pages - Mélanie Prouvost
- 2007 : Les Fourmis rouges - Alex
- 2007 : L'Été indien - Suzanne
- 2008 : Les Femmes de l'ombre - Gaëlle
- 2008 : Le Premier jour du reste de ta vie - Fleur
- 2009 : Fais-moi plaisir - Aneth
- 2009 : My Queen Karo
- 2010 : Mes chères études
- 2011 : Le moine
- 2011 : Les tribulations d’une caissière
- 2012 : Zarafa (stim)
- 2012 : Populaire fan Régis Roinsard : Rose Pamphyle
- 2013 : Il est parti dimanche fan Nicole Garcia
- 2016 : Ma famille t'adore déjà! - Éva
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2007 à la télévision : Dombais et fils fan Laurent Jaoui - Florence Dombay
- 2010 : Mes chères études d'Emmanuelle Bercot - Laura
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- César du meilleur espoir féminin 2009 (foar it bêste froulik talint)
- Prix Romy Schneider 2009
- Prix Suzanne Bianchetti 2007
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|