Gert Schutte

Ut Wikipedy
Gert Schutte yn 1982

Gerrit Jan (Gert) Schutte (Nieuwpoort, 24 maaie 1939 - 25 jannewaris 2022[1])) wie in Nederlânsk earder politikus en earder amtner.

Schutte waard nei de mulo yn 1956 gemeenteamtner by de gemeente Giessenburg. Dêrnei wurke er by de gemeenten Schoonhoven, Elst en Nieuwpoort. Yn 1968 kaam er as plakferfangend gemeentesekretaris by de gemeente Zeist telâne dêr't er oant 1981 oan ferbûn bliuwe soe. Schutte folge fan 1956 oant 1965 ferskate opliedings op it mêd fan de legere oerheid. Fan 1969 oant 1974 joech er sels les yn gemeenterjocht oan soksoarte opliedingsynstitút.

Fan 1974 oant 1978 siet er út namme fan it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV) yn de Provinsjale Steaten fan de provinsje Utert. Yn 1981 kaam er foar dy partij yn de Twadde Keamer. Oant 1989 wie er in ienmansfraksje, dêrnei foarme er oant 2001 mei Eimert van Middelkoop de fraksje fan it GPV. Al dy jierren wie er ek fraksjefoarsitter.
Schutte stie bekend as it 'steatsrjochtlike gewisse fan de Keamer'.

Schutte wie fan 2001 ôf lid fan de Kiesried. Fan 2003 oant 2005 late er in ûndersyk nei de HBO-fraude. Begjin 2005 wie er lid fan de kommissy dy't dwaande wie mei de tarieding fan it referindum oer de Europeeske Grûnwet en twadde helte 2006 hie de lieding oer in ûndersyk nei in grut ûngemak (mei ien deade en tweintich ferwûnen) yn de binnenstêd fan Utert.

Gert Schutte, dy't ek noch kollumnist by it Friesch Dagblad en de Persuny west hat, wie lid fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: