Samuel Morse

Ut Wikipedy
Samuel Morse
It bertehûs fan Morse (om 1898 hinne) yn Charlestown.

Samuel Finley Breese Morse (Charlestown, Massachusetts, 27 april 1791New York City, 2 april 1872) wie in útfiner en keunstskilder út de Feriene Steaten. Hy ûntwikkele de elektryske tillegraaf en de morsekoade.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samuel Morse waard berne yn Charlestown, Massachusetts, Feriene Steaten. Hy wie it earste bern fan ierdrykskundige en pastoar Jedidiah Morse (1761-1826) en Elizabeth Ann Finley Breese (1766-1828). Jedidiah wie in grut preker fan it kalivinistyske leauwe en oanhinger fan de Amerikaanske Federale Partij.

As bern gie Morse nei de Phillips Academy yn Andover, Massachussets en letter nei Yale Universiteit (doe Yale College) om les te krijen yn godstsjinstige filosofy en wiskunde doe’t er fjirtsjin jier wie. Hy hie sels mear op mei skilderjen, en waard learling fan Washington Allston, in ferneamde Amerikaanske skilder. Wylst hy oan Yale studearre, wenne hy kolleezjes fan Benjamin Silliman en Jerimiah Day by oer elektrisiteit. Hy fertsjinne yn dy tiid jild troch it skilderjen fan portretten. Yn 1810 studearre hy ôf oan Yale, en gie hy mei Allston nei Ingelân yn 1811 om him dêr fierder ta te lizzen op de skilderkeunst. As skilder waard Morse ferneamd mei syn portretten en syn skilderijen fan histoaryske barren.

Yn 1819 troude hy mei Lucretia Pickering Walker, dy’t yn 1825, koart nei de berte fan har fjirde bern ferstoar. Morse wie fan hûs en krige in brief fan syn heit mei it berjocht dat syn frou ferstoarn wie. Doe’t hy de brief lêzen hie gie hy werom nei hûs, mar by syn oankommen wie syn frou al beïerdige.[1] Fan doe ôf prakkesearre hy oer manearen om gau oer lange ôfstân mei elkoar kommunisearje te kinnen.[2]

Yn de tiid fan syn stúdzje hie hy al kennis makke mei de elektrotechnyk, mar pas op letter leeftyd rekke hy hjiryn ynteressearre. Mei in boatreis fan Havre nei New York yn 1832 hearde hy foar de earste kear oer it ferbân tusken elektrisiteit en magnetisme, in ferskynsel dat koart dêrfoar ûntdutsen wie. As leafhawwer fan natuerkunde en elektrisiteit set him dat oan it tinken oer in manear om mei de help fan dizze ûntdekking in kommunikaasjemiddel te meitsjen. By syn eksperiminten mei in telegraaftastel ûntwurp hy yn 1835 de morsekoade foar kommunikaasje.

Stânbyld fan Morse yn New York.

Wichtich persoan yn de ûntwikkeling fan de telegraaf en de morsekoade wie neist Morse ek Alfred Vail, in jongfeint, dy’t Morse stipe joech by syn ûntwikkelingen.

Doe’t hy yn 1838 syn útfining yn Washington, D.C. oan it Kongres sjen liet om finansjele stipe te krijen foar fierdere ûntwikkeling, sêgen de bewâldfierders it belang fan syn útfining net yn. Yn desimber 1842 besike hy it op ‘e nij, doe slagge it al, hy krige yn 1943 $30.000 stipe foar de oanlis fan in telegraafline fan 61 kilometer fan Washington nei Baltimore. Op 24 maaie 1844 waard it earste berjocht oer dizze line stjoerd.

What hath God wrought
(Wat hat God makke?)

De telegraaf fan Morse wie in súkses, Samuel Morse waard yn koarte tiid wrâldferneamd troch syn útfining, dy’t simpeler fan konstruksje wie as de measte oare systemen wêrby't mar twa triedden nedich wiene foar in ferbining.

Samuel Morse troude yn 1848 mei Sarah Elizabeth Griswold, mei wa't hy fjouwer berne krige. Hy ferstoar doe’t hy 80 jier wie yn New York City. Morse leit beïerdige op it Green-Wood-tsjerkhôf yn de wyk Brooklyn yn New York.

De Morsekoade waard de ynternasjonale standert en stik as wat regearen hawwe Morse foar syn ûntdekking ûnderskieden. Op de boppeste foto hat Morse de Turkske Hege Oarde fan de Ear, de Portegeeske Oarde fan de Toer en it Swurd, de Deenske Oarde fan de Dannebrog (wêryn hy Kommandeur wie), stjer en ridderkrús fan de Oarde fan Isabelle de Katolike, de Frânske Oarde fan it Legioen fan Ear en de Oarde fan Sint-Maurisius en Sint-Lasarus fan Savoye opspjelde. Morse mocht ek it Keizerlik-Keninklik Eastenryksk-Hongaarsk Eareteken foar Keunst en Wittenskip drage.

Anti-katolyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Morse wie fûl tsjin it katolisisme mei syn papisme. Hy wie in foaroanman yn de anti-katolike- en anti-ymmigraasjebeweging mids 19e iuw yn Amearika. Morse krewearre foar it mei-inoar oplûken fan protestanten tsjin katolike ynstituten, woe ferbiede dat katoliken in iepenbier amt besette koene (ek op skoallen) en woe hawwe dat de ymmigraasjewetten feroare waarden en soargen foar in beheining fan de ymmigraasje út katolike lannen (yn dy tiid fral Ieren en Dútsers). Hy skreau dêroer: “Wy moatte earst it lek yn it skip tichtsje om it modderich wetter te kearen dat ús ta sinken driget te bringen”[3] en ek: "Wekker wurde! War jimme! Slut de poarten! Jo fijannen, ferklaaid as freonen, komme mei tûzenen tagelyk jo ruïne ynstreamen troch de iepen poarten fan de naturalisaasje". [4]

Yn syn boek Conspiracy Against the Liberties of the United States ferklearre er dat it Pausdom en katolisisme net te ferienigjen binne mei in frije demokratyske steat, ja, dêr sels tsjin gearspanne ûnder it mom fan religy. Pausdom is religy EN polityk: in this respect it differs totally from all other sects, from all other forms of religion in the country.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Patinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Staiti, Paul J. (1989). Samuel F. B. Morse (Cambridge).
  • Dimmick, Lauretta (1991). "Mythic Proportion: Bertel Thorvaldsen's Influence in America", Thorvaldsen: l'ambiente, l'influsso, il mito, ed. P. Kragelund and M. Nykjær, Rome (Analecta Romana Instituti Danici, Supplementum 18.), side 169-191.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bellis, Mary Timeline: Biography of Samuel Morse 1791 – 1872, The New York Times
  2. Bellis, Mary The Communication Revolution, The New York Times
  3. Billington, Ray A. Anti-Catholic Propaganda and the Home Missionary Movement, 1800–1860 The Mississippi Valley Historical Review, Vol. 22, No. 3, (December, 1935), ss. 361–384. Publikaasje fan de Organization of American Historians. Jstor.org
  4. Ut: 'The American Way', dêr't sjoernalist Frans Verhagen de ymmigraasje- en yntegraaasjeskiednis fan de Feriene Steaten yngeand yn beskriuwt.