Morsekoade
Morsekoade is in koade ûntwikkele troch Samuel Morse, om yn morse oer te bringen mei syn tillegraaf.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morse krige belangstelling foar tillegrafy yn 1832, nei eigen sizzen wylst er oan board fan de Sully op de weromreis wie fan Jeropa nei Amearika. Yn 1837 brûkte er foar demonstraasjes fan syn tillegraaf syn morsekoade. Nei't Alfred Vail dat jier partner fan Morse wurden wie, waard op 6 jannewaris 1838 Vail syn ferbettere tillegraaf demonstrearre, wêrby nei it skynt it morse-alfabet brûkt waard, dat nei alle gedachten troch Vail optocht wie. De Morsekoade sa't dy úteinlings yn 1848 ynternasjonaal standerdisearre waard (it saneamde "Hamburchalfabet"), wie grutdiels basearre op in foarstel fan 'e Dútser Friedrich Gerke, dat de oarspronklike morsekoade fan Morse en Vail tige by tige ferbettere. It iennichste echte gebrek oan it Hamburchalfabet wie de útwrydsk lange koade (.-... en letter de koade --- dy't like lang duorre) foar de gauris brûkte letter o.
Sinjaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morse is basearre op in twaweardich sinjaal, meast oan en út. Hjirmei kinne boustienen makke wurde fan koartere of langere perioades fan al as gjin sinjaal. Die boustienen kinne kombinearre wurde ta koades foar in alfabet. It skaamerk fan in morsesinjaal is dat it kontinue is; oars as by oare systemen is ek de langte fan stiltes fan belang.
sinjalen foar it Morse-alfabet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it morse-alfabet wurde hjoed de dei fiif boustienen brûkt:
- koart oan, stip (1)
- koart út, sinjaalein (1)
- lang oan, streek (3)
- lang út , letterein (3)
- noch langer út, wurdein (6 of 7)
By gelyks, it wurd "as" wurdt by gebrûk fan it morse-alfabet kodearre as:
"_ ___ _ _ _ "
(stip, sinjaalein, streek, letterein, stip, sinjaalein, stip, sinjaalein, stip, wurdein).
Amerikaansk morse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in alfabet kinne lykwols ek oare boustienen keazen wurde. It Amerikaanske morse-alfabet hie:
- koart oan, stip (1)
- koart út, sinjaalein (1)
- wat langer oan, streekje (2)
- wat langer út, oerslaan (2)
- lang oan, streek (4)
- lang út , letterein (4)
- noch langer oan, langstreek (6)
- noch langer út, wurdein (6)
Sinjaalsoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it elektro-magnetyske signaal fan Samuel Morse wurdt morse fral brûkt mei it radiosinjaal fan Guglielmo Marconi en mei de sinjaallamp fan Andrew Young.
Koade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Represintaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Morsekoade wie in koade mei sifergroepen dy't oerset waarden nei Ingelske wurden en sinnen. Mûglik wienen der feitlikens twa ferzjes fan de morsekoade. Oarspronklik waarden by Morse syn tillegraaf, dy't op papier in trochgeande line loek, foar elts sifer it tal fan halen telt. Letter joech Morse de sifers sa oan:
- 1 .
- 2 ..
- 3 ...
- 4 ....
- 5 .....
- 6 .-
- 7 ..-
- 8 ...-
- 9 ....-
- 0 .....-
It is lykwols net wis of dat allinnich in ferkoarting by it skriuwen fan it koadeboek wie, of dat er no kodearre foar de tillegraaf fan Vail, dy't de punten en streken hie dy't wy no kinne as "morse". Ek is wol útsteld dat de streek hjir in langere tuskentiid wie, al is net dúdlik of Morse optocht hie hoe dy dan wer te kennen wêze soe.
Koadeboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee fan in koadeboek wie net nij doe't Morse dat opsette. Yn dy tiid, en ek al wat earder, waarden foar op see ek flaggekoades ûntwikkele. Morse hie lykwols tocht dat syn tillegraaf fral troch it regear brûkt wurde soe, en ûntwikkele dêrom koades foar boadskippen dêr't it regear ferlet fan hawwe soe. In koadeboek is fansels ûnôfhinklik fan de ûnderlizzende representaasje fan de koadeletters of -sifers. Ek mei de sifers út it Morse alfabet hie morsekoade kodearre wurde kinnen.
Kommersjele koades
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It idee fan koades op basis fan morse kaam werom by it kommersjeel gebrûk fan de tillegraaf. De kommersje hie twa problemen by it gebrûk fan de tillegraaf:
- De priis fan it tillegram wie ôfhinklik fan de langte, dat it wie in foardiel en skriuw kompakte boadskippen.
- Eltsenien die it morse-alfabet koe, koe meiharkje yn it tillegraafkantoar, dat boadskippen moasten sa trochjûn wurde dat de konkurrinsje dy net folgje koe.
Om dy redenen waard kommersjeel faak brûk makke fan koades om berjochten troch te jaan. Sokke koades wienen lykwols, oars as morsekoade, meast basearre op wurden, en dêrmei op letters.
Morse-alfabet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It morse-alfabet is in alfabet basearre op morsesinjalen.
Ferzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it stuit is der in ynternasjonaal standertalfabet, mar der hawwe ferskate fan sokke alfabetten west:
- It oarspronklike morse-afabet fan Alfred Vail, út 1838. Vail syn alfabetten wienen opboud mei acht sinjalen: Letters wienen opboud út stip, streekje, streek, langstreek en oerslaan, en trije mear wienen nedich om tekst oer te stjoeren: sinjaalein, letterein en wurdein. Dêrby hienen guon letters deselde koade: j = g, y = i, v = l, s = z.
- Vail syn eigen oanpassing dêrfan yn 1844; de earste koade dy't praktysk brûkt waard. Dêrby brûkte er deselde sinjalen, mar de measte letters krigen in oare koade, wat ûnder oaren it resultaat hie dat de koade krekt wat flugger wie. Oant de earste helte fan de 20e iuw wie dit it offisjele morse-alfabet foar de Feriene Steaten.
- De oanpassing fan Frederik Clemens Gerke, doe't de tillegraaf fan Morse yn 1847 yn Hamburch yn Dútslân introdusearre waard. Hy brocht it tal mooglike sinjalen werom nei fiif: stip en streek as boustienen fan de letters, plus signaalein, letterein en wurdein. Dit makke de kombinaasjes langer, mar makke it stjoeren en lêzen fan de koade makliker. By Gerke hienen allinnich de I en J deselde koade.
- Oare, ûnôfhinklike oanpassings fan Vail syn koade yn oare staten fan it Dútske Bûn, wat tillegrafy tusken Dútske steaten net makliker makke.
- It Dútske standert tillegraaf-alfabet fan 1 july 1858, bassearre op dat fan Gerke, mei in pear letters feroare en in systematyske koade foar de sifers.
- It ynternasjonale morse-alfabet, dat yn 1865 yn Paris opsteld waard troch de Internasjonale Tillegraafkonvinsje. Dêrby waard ûnder oaren de J tafoege.
- In morse-alfabet ûntwikkele troch de marine fan de Feriene Steaten oan it begjin fan de 20e iuw, mûglik mei it doel by radiosignalen better it ferskil tusken steuring en morse hearre te kinnen. Doe't de Feriene Steaten harren mingden yn de Earste Wrâldkriich, wie harren marine lykwols al oergongen op de ynternasjonale standert.
- In oanpassing fan it ynternasjonale morse-alfabet, op 1 septimber 1939, wêrby in pear lêstekens feroare waarden.
Ynternasjonaal alfabet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
|
|
|
Fierdere koades, dy't lânôfhinklik binne:
Teken | Morse |
---|---|
ä æ | .-.- |
ö ø | ---. |
ü ŭ | ..-- |
ch | ---- |
Teken | Morse |
---|---|
å à | .--.- |
é | ..-.. |
ĉ | -·-·· |
é | ..-.. |
Teken | Morse |
---|---|
ĝ | --·-· |
ĥ | -·--· |
ĵ | ·---· |
ŝ | ···-· |
Teken | Morse |
---|---|
" | .-..-. |
! | ..--. |
Needsinjaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt gauris tocht dat it needsinjaal de trije letters "SOS" is: "... --- ...". Dit is lykwols net sa. It needsinjaal is ien symboal, de tillegraaf-ferzje fan in trijefâldige werhelling as needsinjaal: Trije keer trije sinjalen: "...---...".