Blauwe Wimpel
De Blauwe Wimpel is in Britske ûnderskieding foar it passazjierskip dat it fluchst de Atlantyske Oseaan oerstutsen hat. Foar de faazje wurde it Ambrose ljochtskip foar de kust fan New York, en Biskoprots oan de Ingelske súdwestkust as mjitpunten brûkt. Der waard net wier in wimpel trochjûn fan de iene winner nei de oare, mar de ûnderskieding wie it rjocht om in blauwe wimpel te fieren. Sa koe it wêze dat in skip by de oankomst nei de fluchste oerstek daalks in blauwe wimpel toande. Sa'n wimpel wie dan in slach fan lint dat oer de heechste punten fan it skip spand wie. It idee wie dan ek oernaam fan de blauwe linten foar priiswinners, sa't dy yn ferskate lannen takend wurde. Om de selde reden is der by it hurdsilen somtiden ek in blauwe wimpel foar de winner.
Belang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Blauwe Wimpel wie ynsteld yn de sechtiger jierren fan de 19e iuw troch de skipfeartmaatskippijen sels. Harren belang wie dúdlik: dejinge dy't sizze koe dat er it fluchste skip hie, loek de measte passazjiers, net allinnich foar dat skip, mar ek foar de oare skippen fan de maatskippij. It jildlik belang wie sa grut dat de maatskippijen bij nije skippen der gau by wienen om nije technyken ta te passen. Dêrmei krige de Blauwe Wimpel ek in grut belang foar de skipfeartyndustry, dêr't de striid oansette ta it úttinken en ferbetterjen fan technyken, dy't dan letter ek yn oare skippen tapast wurde koenen. Dit is itselde soart fenomeen as by de nije technyken easke troch de romtefeart, dy't dan letter ek troch oaren tapast wurde kinne.
United States
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de opkomst fan de loftferbinings is de lineskipfeart yn de twadde helte fan de 20e iuw weromrûn. De United States waard noch boud mei it doel it fluchste skip ea te bouwen, mar foar lettere skippen gou dat net mear. De United States waard hâlder fan de Blauwe Wimpel, en sil dat ek noch wol in skoftke bliuwe. De Cunard Line hat by de bou fan de Queen Mary 2 bygelyks ynset op lukse, en op de faazje fan de Queen Mary, net op dy fan de United States. De United States is al hast in heale iuw hâlder fan de Blauwe Wimpel, en it liket dat dat net gau mear feroarje sil.
Hales Trofee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1934 waard troch de Ingelsman Sir Harold Hales in gouden trofee ynsteld foar de fluchste oerstek troch in motorisearre skip. Utsein wat lytse reglemintêre ferskillen wienen de hâlders fan Blauwe Wimpel dêrmei ek hâlders fan Hales Trofee. Hales woe lykwols befoardering fan de meganisaasje, en hie gjin boadskip oan passazjiers. Troch dit ferskil is de United States net langer hâlder fan de trofee: op de ein fan de 20e iuw hawwe in pear Katamarans sûnder passazjierakkomodaasje noch fluggere oerstekken makke. De lêste en fluchste dêrfan wie op 20 july 1998 de Cat-Link V.
Winners fan de Blauwe Wimpel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dei | Skip | Maatskippij | Doer |
---|---|---|---|
27 augustus 1863 | Scotia | Cunard | 8 dagen, 3 oere |
12 desimber 1869 | City of Brussels | Inman | 7 dagen, 20 oere 33 |
25 maaie 1872 | Adriatic | White Star | 7 dagen, 23 oere 17 |
19 jannewaris 1873 | Baltic | White Star | 7 dagen, 20 oere 9 |
7 augustus 1875 | Germanic | White Star | 7 dagen, 23 oere 7 |
25 septimber 1875 | City Of Berlin | Inman | 7 dagen, 18 oere 2 |
13 febrewaris 1876 | Germanic | White Star | 7 dagen, 15 oere 17 |
4 novimber 1876 | Britannic | White Star | 7 dagen, 13 oere 11 |
13 april 1877 | Germanic | W.Star | 7 dagen, 11 oere 37 |
29 july 1879 | Arizona | Guion | 7 dagen, 8 oere 11 |
16 april 1882 | Alaska | Guion | 7 dagen, 6 oere 20 |
5 april 1884 | Oregon | Guion | 7 dagen, 2 oere 18 |
7 augustus 1885 | Etruria | Cunard | 6 dagen, 9 oere 0 |
4 juny 1887 | Umbria | Cunard | 6 dagen, 4 oere 12 |
2 juny 1888 | Etruria | Cunard | 6 dagen, 1 oere 55 |
8 maaie 1889 | City of Paris | I&I | 5 dagen, 23 oere 7 |
5 augustus 1891 | Majestic | White Star | 5 dagen, 18 oere 8 |
19 augustus 1891 | Teutonic | White Star | 5 dagen, 16 oere 31 |
27 july 1892 | City of Paris | I&I | 5 dagen, 15 oere 58 |
23 augustus 1892 | City of New York | I&I | 5 dagen, 19 oere 57 |
18 oktober 1892 | City of Paris | I&I | 5 dagen, 14 oere 24 |
12 maaie 1893 | Campania | Cunard | 5 dagen, 17 oere 27 |
31 maart 1894 | Lucania | Cunard | 5 dagen, 8 oere 38 |
17 augustus 1894 | Campania | Cunard | 5 dagen, 9 oere 29 |
24 maaie 1895 | Lucania | Cunard | 5 dagen, 11 oere 40 |
29 novimber 1897 | Kaiser Wilhelm der Grosse | NDL | 5 dagen, 17 oere 23 |
12 july 1900 | Deutschland | Hapag | 5 dagen, 15 oere 46 |
16 septimber 1902 | Kronprinz Wilhelm | NDL | 5 dagen, 11 oere 57 |
8 septimber 1903 | Deutschland | Hapag | 5 dagen, 11 oere 54 |
20 juny 1904 | Kaiser Wilhelm II | NDL | 5 dagen, 11 oere 58 |
10 oktober 1907 | Lusitania | Cunard | 4 dagen, 19 oere 52 |
5 desimber 1907 | Mauretania | Cunard | 4 dagen, 22 oere 33 |
21 maaie 1908 | Lusitania | Cunard | 4 dagen, 20 oere 22 |
8 febrewaris 1909 | Mauretania | Cunard | 4 dagen, 20 oere 27 |
12 augustus 1909 | Lusitania | Cunard | 4 dagen, 16 oere 40 |
30 septimber 1909 | Mauretania | Cunard | 4 dagen, 10 oere 51 |
22 july 1929 | Bremen | NDL | 4 dagen, 17 oere 42 |
25 maart 1930 | Europa | NDL | 4 dagen, 17 oere 6 |
15 juny 1933 | Bremen | NDL | 4 dagen, 16 oere 15 |
2 july 1933 | Europa | NDL | 4 dagen, 16 oere 48 |
16 augustus 1933 | Rex | Italia | 4 dagen, 13 oere 58 |
3 juny 1935 | Normandie | CGT | 4 dagen, 3 oere 2 |
24 augustus 1936 | Queen Mary | C-WS | 4 dagen, 0 oere 27 |
22 maart 1937 | Normandie | CGT | 4 dagen, 0 oere 6 |
8 augustus 1938 | Queen Mary | C-WS | 3 dagen, 21 oere 48 |
7 july 1952 | United States | USL | 3 dagen, 10 oere 40 |