Leermens

Ut Wikipedy
Leermens
Donatustsjerke
Donatustsjerke
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 244 (31-12-2021) [1]
Oerflak 5,95 km², wêrfan:
lân: 5,90 km²
wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 41 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 47' E
Offisjele webside
Side Leermens
Kaart
Leermens (Grinslân)
Leermens

Leermens (Grinslânsk: Leerms) is in doarpke yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. Yn it doarpsgebiet fan Leermens leit ek it buorskip Lutjerijp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leermens leit op ien fan de heechste wierde's fan Grinslân, dy't ûntstie op in kwelderwâl oan de Fivelboezem. Tocht wurdt dat de delsetting oan it begjin fan de jiertelling ûntstie. It doarp wurdt foar it earst yn 'e 10e iuw beskreaun as Lethermengi. Yn in oarkonde út 1040 wurdt de skinking fan goed fan Uffo en syn bruorren yn Lintherminge en it oanbuorjende Eenum (Ienum) troch kening Hindrik III oan biskop Bernold fan Utert beskreaun. De betsjutting fan de doarpsnamme hat lykwols in âldere komôf en soe ôplaat wêze fan it Germaanske Linthihrabningja (of Linthihrabhna), itjinge "hearrend ta de sêftmoedige raaf" of "lju fan de sêftmoedige raaf" betsjutte kin. De lettere namme Letherminge (ferwizend nei Liudger) evoluearre fan Leermsum yn it begjin fan de 15e eeuw nei Leermens tsjintwurdich.

Ier 18e iuwsk hûs

Yn de midsiuwen wie Leermens in rjochtssintrum yn Fivelgoa. Yn de lette midsiuwen waard it Leermenstermaar útgroeven, werby't it doarp oer it Oosterwijwerdermaar in ferbining krige mei it Damsterdjip. Nei de midsiuwen stribben de doarpen Loppersum, Middelstum en Stedum Leermens yn belang foarby.

It doarp krige yn de 19e iuw oan de súdkant wat útwreiding. Om 1910 hinne waard de wierde ôfgroeven oan de noardlike kant en by de súdlike punt. De ôfgroeven grûn fan de wierde waard nei de feankoloanjes transportearre, mar de radiale struktuer fan it doarp bleau goed bewarre; de omwei om de tsjerke en de dwersferbinings dêrtusken binne noch yntakt. Fan it doarp bleau ek in soad fan de âlde bebouwing bewarre en dêrom hat it doarp tsjintwurdich in beskerme doarpssicht. Lykas by oare plakken is de middenstân yn de 20e iuw hielendal ferdwûn.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1859 1869 1879 1889 1899 1920 1930 1947 1971 1995 1999 2006 2010 2021
Ynwenners 174 219 219 197 235 305 327 330 205 220 273 233 215 244

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Donatustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Donatustsjerke (Leermens).

De oarspronklik romaanske Donatustsjerke is in foar in part in 11e iuwsk gebou. Yn de 12e iuw waard in dwersskip boud en it âlde koer waard yn 1240 ferfongen troch in bakstiennen koer yn ier kromanogoatske styl. De tsjerke hie eartiids in westwurk mei dûbele tuorren, dy't yn it earste fearn fan de 19e iuw fanwegen brekfalligens ôfbrutsen binne. Sûnt dy tiid hat de tsjerke in ienfâldige dakruter.

Boargen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Leermens stiene letter twa boargen en mooglik ek in stienhûs. Noardlik fan it doarp stie de boarch Bolsiersema. Yn 1723 waard de boarch ferkocht en dêrnei al rillegau ôfbrutsen. De noardlike grêft en de fiver waarden tichtsmiten, mar de rest fan it terrein bleau oanwêzich. Yn 1978 is it terrein rekonstruearre en de fiver is yn 1984 op 'e nij útgroeven. Ek is dêr noch in grêfkelder. Op it plak fan de boarch (Tolwei 14) stie letter de pleats 'Bolsiersemaheerd' (no 'Schatsborg'), mei in dwershûs en werfan't de skuorre út 1730 is. It hûs 'Schatborg' noardlik fan dy pleats waard yn de jierren 1950 ôfbrutsen.

In oare boarch wie de 'Grevingaheerd' (ek 'Gaikingaheerd) by Lutjerijp (Lytseryp), bewenne troch in skaai út 'Drinte. Mooglik waard de boarch al sûnt 1446 troch Luder Grovinghe bewenne. Yn 1605 waard de boarch 'Grevingeheerd' of 'Gaykemaheerd' neamd. De lêste fan it skaai ferhûze yn 1797 út de boarch, dy't earne yn de 19e iuw ôfbrutsen waard. Foar de bou fan in pleats op dat plak waarden stiennen en drompels brûkt fan de eardere boarch.

Yn in dokumint út 1510 waard ek in stienhûs by 'Nittersheerd' neamd. Dy Nittersheerd lei tsjin de eastlike kant fan de wierde.

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skoalle oan de Wierdewei 10 út 1863 waard yn 1935 sletten. Dêrnei dielde it doarp in iepenbiere basisskoalle mei de doarpen Eenum (Ienum) en Westerwijtwerd (Westerwytwert) oan de trijesprong Dieftil-Skoalwei, dy't yn 2013 sletten waard.

Mûne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nôtmûne fan it doarp stie súdlik fan 't Zandt ('t Sân) en waard yn 1957 ôfbrutsen.

Oare gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wierdewei 8

It âldste stiennen hûs fan it doarp stiet oan de Okseleane 3; op in balke yn it hûs stiet it jiertal 1603. De pastorije oan de Wierdewei 16 waard om 1700 hinne boud, mar út dy tiid is allinne it achterhûs bewarre bleaun. It foarhûs is yn 1880 werboud. Fierders:

  • It hûs oan de Wierdewei 1 (ier 18e-iuwsk).
  • De eardere smitse oan de Wierdewe1 8 (1775).
  • Yn it buorskip Lutjerijp steane in pear âlde pleatsen, lykas de Grevingaheerd en de Jacobsmaheerd.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpshûs

It doarpshûs 'Aig'n Heerd' is sûnt 1972 ûnderbrocht yn in âld kafee út 1906. Leermens hat in foar toeristen groeven haventsje ('Plaisterploats') mei in minicamping.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
wizigje