Marsum (Grinslân)
Marsum (Grinslân) | ||
Sicht op Marsum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 30 (31-12-2021) [1] | |
Oerflak | 0,12 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9901 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 52' E |
- Dizze side giet oer it doarp Marsum yn Grinslân. Foar it doarp Marsum yn Fryslân, sjoch: Marsum.
Marsum is in doarpke mei beskerme doarpsgesicht yn 'e Grinslânske gemeente Iemsdelta .
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp ûntstie yn de iere midsiuwen troch it oanienriigjen fan in pear hûswieren. Op de sintrale wier waard yn de 12e iuw of krekt wat letter de oan Mauritius wijde tsjerke boud.
Neffens in dokumint út 1344 bestie it doarp út twa helten of 'kluften' (in buorskip), nammentlik de Mentedakluft (Mentetaclowe) en de kluft om it tsjerkhôf (Hofsetenaclowe). Tegearre mei de pleatsen oan de oare kant fan de Heekt by Katmis (Heksetaclowa) foarmen hja de helte fan de rjochtstoel fan Holwierde en Marsum. De namme Menteda ferwiist ek nei in kluft yn it feanterijdoarp Siddeburen, wêrfan't de earste bewenners faaks út Marsum kamen. De wier fan Marsum foarme it útgongspunt fan in kilometerslange stripe oanmakkerijen, dy't by Siddeburen lâns rûn oant de eardere Siepsleat by Noardbroek. In dochterdelsetting fan Marsum is Solwerd oan it Damsterdjip, dy't nei alle gedachten yn de 13e iuw in eigen tsjerke krige.
Marsum waard yn de rin fan de tiid in echt doarp, dat lykwols yn de Frânske tiid by it Belis fan Delfsyl (1813-1814) hast folslein fan 'e kaart fage waard.
De wier fan Marsum waard yn it begjin fan de 20e iuw foar it measte ôfgroeven. De radiale struktuer fan it doarp is lykwols bewarre bleaun. Njonken de tsjerke en it tsjerkhôf hat it doarp noch in pear pleatsen. Der rint mar ien wei nei it doarp, de dearinnende Marsumerwei.
Noardlik fan Marsum waard oan de Marsumerwei ûnder Holwierde yn de jierren 1950 troch de Keninklike Loftmacht yn ferskillende bunkers it Navigaasjestasjon Grinslân boud, dy't oant 1964 yn gebrûk wiene.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|