Heveskes
| Heveskes | ||
| Heveskes mei op de eftergrûn gemyfabriken | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 20 (1971) | |
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 18' N 6° 57' E | |
| Kaart | ||
Heveskes (Grinslânsk: 'Heemskes [1] of 'Weskes'[2]) wie in doarp yn de provinsje Grinslân yn Nederlân.

Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oorsprong fan de namme Heveskes is net wis. Yn de 15e iuw waard it 'Hevenschynze', 'Hewenschenze' (beide 1435), 'Hewensches' (1459), 'Heuenschyns' (1461) fan 'Heuenschijns' (1466) neamd. Hy(e)ven soe (fergelykber mei Hefswal en Hefshuizen) yn 'e sin fan "seekant" besibbe wêze kinne oan 'hef' of haf. [3] In oare ferklearring dy't in gebrek oan in better alternatyf is dat 'Heven' ('hœfen') ferwize kin nei "haven" en schyns, schynze of schenze fia it Aldfryske 'skenzie' nei in 'skinkkanne', dat nei in herberch oan 'e haven dêr't dronken waard. [2][4]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heveskes ûntstie al foar de jiertelling op en om twa wierden. By argeologyske opgravingen yn 1994 die bliken dat tusken dy beide wierden restanten wiene fan in pleats. De wierden waarden al bewenne om it begjin fan de jiertelling hinne en foarmje ûnderdiel fan in rige fan wierden lâns de súdkant fan de Iems. Fan de iere midsiuwen ôf waard de wierde oaniensletten bewenne. De âldste resten dy't fûn binne datearje út de 8e of 9e iuw. Yn de midsiuwen waarden beide wierden ferhege en groeiden sa út ta de hjoeddeiske wierde fan 2,89 meter boppe NAP. Te noarden fan de wierde leine de fjellingen fan de wierde.
De fynst fan in ier-12e-iuwsk doopfont docht tinken dat hjir doe al in tsjerke stien hat. Begjin 13e iuw ferriisde nei alle gedachten it earste part fan de hjoeddeistige tsjerke mei in swiere toer mei muorren fan hast 2 meter dik. Yn deselde iuw waard in stienhûs boud op it noardwestlike part fan de wierde, dat lykwols al yn de 14e iuw wer ferdwûn. [5]
It doarp is, in pear gebouwen útsein, yn de jierren 1970 ôfbrutsen om romte te meitsjen foar it yndustryterrein Oosterhorn. It iennichste dat fan it doarp oerbleaun is binne de midsiuwske tsjerke op de wier, in skuorre foar de tsjerke oer en twa pleatsen. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken is eigener. It oargel út 1888 is oerbrocht nei de tsjerke fan Uitwierde.
Doe't it yndustryterrein oanlein is, binne de fûneminten fan it eardere Heveskeskleaster ûndersocht. De fynst fan in hunebêd hat de archeologen doetiids tige fernuvere. It wie it meast noardlike hunebêd fan Nederlân. It hunebêd is opdold en is no útstalt yn it Aquariom yn Delfsyl.
Yn novimber 2007 kaam Groningen Seaports, de behearder fan ûnder oaren de haven fan Delfsyl, mei it plan it tsjerkje fan Heveskes te ferhúzjen nei Weiwerd. Dat soe technysk kinne om't de tsjerke net op peallen boud is, mar op in balstienliemplaat stiet. De Stifting Alde Grinslânske Tsjerken kearde it plan op om't it om beskerme lânskiplik gebiet giet.
Berne yn Heveskes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Buiskool (1875-1937), predikant en boargemaster fan ûnder oaren Delfsyl.
Wetterskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heveskes (1860-1908, 447 ha) wie ek de namme fan it wetterskip[6] dat opgien is yn it wetterskip Oterdum. It waard yn 1860 foarme út de Overtogsterpolder en de Simmerdyksterpolder. Wettersteatkundich besjoen leit it gebiet sûnt 2000 binnen dat fan it wetterskip Hunze en Aa's.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|