Holwierde
Appearance
Holwierde | ||
Tsjerke fan Holwierde | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.056 (2021) [1] | |
Oerflak | 7,85 km² wêrfan lân: 7,80 km² wêrfan wetter: 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 135 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' N 6° 52' E | |
Offisjele webside | ||
Side Holwierde | ||
Kaart | ||
Holwierde (Grinslânsk: Holwier) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân yn Nederlân. Hol slacht op 'lege', hoewol't 'hillige' ek wol as ferklearring foarkomt. Oarspronklik hawwe der trije wieren west.
It doarp bestiet út trije parten oan beide kanten fan de Groote Heekt. Katmis wie de namme fan it doarpke oan de westouwer, Holwirth en Bansum leinen oan de eastouwer.
Holwierde hat in tsjerke út de 11e iuw. Oant 1854 stie der in Juffertoer by de tsjerke, dy't fan fierrens te sjen wie. Ald en nij fan 1853/1854 is de bongel fan de klok fallen by it lieden. De bongel fan sa'n 900 kilo rekke de trije jonges dy't oan de touwen stienen; hja oerlibben dat net. Omdat de toer doe al min wie, is er nei it ûngemak ôfbrutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|