Westerwijtwerd

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Westerwijtwerd
Westerwijtwerd - kerk vanuit het westen.jpg
Sifers
Ynwennertal 110
Oerflak 0,33 km²
Polityk
Provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
Gemeente Loppersum vlag.svg Loppersum

Westerwijtwerd (Grinslânsk: Wietwerd) is in doarpke ien kilometer besuden Middelstum yn de gemeente Loppersum yn de provinsje Grinslân. It doarp hie 110 ynwenners yn 2008. It doarp bylâns rint it Westerwijtwerdermaar dat dêr de grins tusken Hunsingo en Fivelingo foarmet.

It doarpsbyld wurdt oerhearske troch de 13e-iuwske tsjerke fan Westerwijtwerd en de 19e-iuwske nôt- en pelmûne Zeldenrust. It doarp hie fan 1959 oant 2010 ien fan de lêste 'húskeamerkafees fan Nederlân: kafee Hazekamp. Dat siet yn in pân út om 1880, in smidterij mei kafee anneks. Yn 1959 gie it oer op Tinus Hazekamp, dy't tagelyk ek brêgewachter waard en yn dy tiid ek de mûne fan syn heit oernaam. Yn 1986 joech er de mûne út hannen en yn 2010 rekke er wei. It kafee waard yn 2011 fuortset troch de nije eigeners.

Meidat Westerwijtwerd betreklik leech leit, wiene der by it doarp eartiids in protte poldermûnen foar de wetterbehearsking. Allinnich poldermûne De Palen, justjes súdlik fan it doarp, is dêrfan oerbleaun.

Op 22 maaie 2019 wie der by Westerwijtwerd in ierdskodding mei in magnitude fan 3,4 op de skaal fan Richter, de oant doe ta swierste yn Grinslân, as gefolch fan de ierdgaswinning. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: