Stedum

Ut Wikipedy
Stedum
Bartoloméustsjerke, Stedum.jpg Bartoloméustsjerke
Flagge Wapen
Stedum vlag.svg Stedum wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 951 (2021) [1]
Oerflak 14,45 km²
wêrfan lân: 14,37 km²
wêrfan wetter: 0,07 km²
Befolkingstichtens 66 ynw. / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag Groningen.svg Grinslân
Gemeente Vlag Eemsdelta.jpg Iemsdelta
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 41' E
Webside Side Stedum

Stedum (Grinslânsk: Steem) is in doarp yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedum stiet bekend as it eartiidske wenplak fan jonker Adriaan Clant (1599-1665), dy't de 14e-iuwske boarch Nittersum bewenne en yn de Ommelanner Steaten ôffurdige wie. Clant hearde yn 1648 ta de ûndertekeners fan de Frede fan Munster. Syn grêfmonumint waard yn 1670-1672 makke troch Rombout Verhulst en stiet noch jimmeroan yn it koer fan de 13e-iuwske romanogoatyske Bartoloméustsjerke. De boarch Nittersum waard yn 1818 ôfbrutsen.

Oant 1990 wie Stedum it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. Ta de gemeente Stedum hearden ek de doarpen en buorskippen Dijkum, Garsthuizen, Garsthuizervoorwerk, De Harde, Krangeweer, Lutjewijtwerd, De Vennen, Vierburen, De Weer en Westeremden.

It plak waard útwreide mei nijbou oan de eastlike kant fan it doarp. It leit yn 'e reden dat de takomstige nijbou dêr ek plakfine sil.

It stasjon Stedum leit oan in halte oan it spoar fan Grins nei Delfsyl. It âlde stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrutsen. Stedum hat in beskerme doarpssicht en ferskillende ryksmonuminten.

Evenminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kafee 't Oude Raedthuys wurdt sûnt 2002 seisris yn 't jier de "Eerste Groninger Voorlees- en Vertelsalon" holden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bartoloméustsjerke (Stedum)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

 
Gemeente Iemsdelta
Flagge fan Iemsdelta
Stêden: AppingedamDelfsyl
Doarpen: BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part) • StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part) • WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen en útbuorrens: AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part) • RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken: HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd