Bartoloméustsjerke (Stedum)

Ut Wikipedy
Bartoloméustsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Stedum
koördinaten 53° 19' N 6° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Bartoloméus
Arsjitektuer
boujier 1250-1275
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34504
Webside
Side tsjerke fan Stedum
Kaart
Bartoloméustsjerke (Grinslân)
Bartoloméustsjerke

De Bartoloméustsjerke is in foarse romanogoatyske krústsjerke yn it Grinslânske doarp Stedum. De tsjerke waard yn 'e 13e iuw boud en doe wijd oan 'e apostel Bartoloméus.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke wurdt as it hichtepunt beskôge fan 'e romanogoatyske boukeunst yn Grinslân en waard boud op it plak fan in foargonger fan dowestien. Ek it ûnderste diel fan 'e sealtektoer waard yn 'e 13e iuw boud. Toer en tsjerke waarden om 1300 hinne oan inoar fêstboud. Yn dy tiid waard ek in klok getten troch in ûnbekende jitter, dy't noch jimmeroan yn 'e toer hinget en de âldste klok fan de provinsje is. De gruttere klok datearret fan 1951.

De tsjerke waard yn 1877-1878 restaurearre neffens de plannen fan 'e arsjitekt Pierre Cuypers. Yn in lettere restauraasje binne tusken 1937 en 1939 guon tafoegings fan dy restauraasje wer ferwidere.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wijkrús

Op de grins fan it koer en it skip stiet in frijsteande preekstoel mei klankboerd út 1671. De hearebank fan de famylje Clant, bewenners fan 'e boarch Nittersum, datearret fan 1669.

De tsjerke is ryk oan roubuorden fan ferskillende bewenners fan 'e boarch Nittersum. Boppe it siichportaal fan it súdlike dwersskip hinget in prinseflagge út 1788. De flagge mei dêrop de wurden 'VIVAT PRINS VAN ORANIEN' en trije wapens waard yn opdracht fan 'e Oranjeoanhinger Tjaard Adriaan Gerlacius makke en yn 'e Frânske tiid ferside holden yn 'e grêfkelder fan de tsjerke.

De skilderings oan it ferwulft waarden yn 'e 19e iuw ûntdutsen en mei de restauraasje fan de tsjerke yn 'e jierren 1877-1878 foar it ljocht helle en renovearre. Dy restauraasje soarge foar in soad ûnrêst ûnder it kalvinistyske tsjerkefolk en in part fan 'e gemeente stapte út ûnfrede mei de gong fan saken oer nei de ôfskieden tsjerke. Njonken bibelske foarstellings wurde hilligen en in soad symboalyske foarstellings útbylde. Yn it koer binne op 'e muorren noch de wijingskrusen te sjen en ek de piskina is dêr noch ôanwêzich.

Grêfmonumint, detail.

Yn it koer stiet ek it moarmeren grêfmonumint fan Adriaan Clant, hear fan 'e boarch Nittersum. Clant wie ien fan 'e ûndertekeners fan it ferdrach fan 'e Frede fan Munster yn 1648. It grêf waard ûntwurpen troch de byldhouwer Rombout Verhulst. De tsjerke hat in soad grêfsarken fan 1471 oant 1827. Dêrûnder ek ien sark fan sânstien út 1471 yn it koer mei in ôfbyld fan Andeloff Nittersum, dy't tagong jout ta in grêfkelder. De grêfkelder waard yn 1929 restaurearre en de bonken binne doe by inoar sammele en yn in nije kiste lein. Fuort efter de preekstoel leit in lytse sark út 1608 fan Johannes Scheppeler, de lêste pastoar fan Stedum.

Yn 'e konsistoarje hinget in grut skilderij fan Johan Clant.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oargelkreake is âlder as it hjoeddeiske oargel en datearret fan 1705. It houtwurk fan 'e oargelkreake is in ûntwerp fan 'e Grinzer stedsboumaster Allert Meijer (1680). It fykwurk is fan Jan de Rijk. Meijer en De Rij hawwe foar in soad Grinslânske tsjerken meubilêr ûntwurpen en makke. Yn 1726 reparearre Matthais Amoor it oargel en yn 1735 folge in restauraasje troch Albertus Antoni Hinsz. Dirck Lohman en syn soan Gerhard Diederich hawwe it oargel yn 1791 foar in grut part fernijd. De oargelbouwers makken by de bou fan it nije ynstrumint gebrûk fan âlder materiaal.

Petrus van Oeckelen restaurearre it oargel twaris yn 'e 19e iuw en syn opfolger wurke yn 1931 oan it oargel, mar der waard net in soad oan it ynstrumint feroare. Yn 1938 waard it oargel oan 'e nije moade oanpast troch Dekker en Verschueren. Yn 'e Twadde Wrâldkriich ferfong Mense Ruiter, dy't tydlik ek yn 'e tsjerke ûnderdûkt siet, it oanhongen pedaal troch in elektrysk bestjinne frij pedaal.

It oargel hat noch registers út 1680 en 1791 en in grut part fan it binnenwurk is noch oarspronklik fan 1791. In foars part fan de pipen binne âlder as 1939. Der besteane plannen om it oargel werom te bringen nei de sitewaasje fan 1791.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: