Iemsdelta
| Iemsdelta
Eemsdelta | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| lokaasje | |
| polityk | |
| lân | |
| provinsje | |
| sifers en geografy | |
| haadplak | ûnbekend |
| grutste plak | Delfsyl |
| ynwennertal | 45.070 (1 jannewaris 2024) |
| oerflak | 364,07 km² |
| ● wêrfan lân | 267,89 km² |
| ● wêrfan wetter | 96,18 km² |
| tal stêden | 2 |
| tal doarpen | 30 |
| ferkearsieren | Spoarline Grins-Delfsyl |
| skiednis | |
| oprjochte | 2021 |
| Oant 2019 | |
| oar | |
| netnûmer | 0594, 0595, 0596 |
| postkoade | 9900-9934, 9936-9937, 9945-9949, 9987, 9990-9994 |
| tiidsône | UTC +1 |
| simmertiid | UTC +2 |
| webside | www.eemsdelta.nl |

De gemeente Iemsdelta (Nederlânsk: Eemsdelta) is in gemeente yn it noardeasten fan Grinslân. De gemeente waard op 1 jannewaris 2021 troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Appingedam, Delfsyl en Loppersum foarme en hat meiïnoar 32 plakken. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 45.070 ynwenners (boarne: CBS).
De gearfoeging wie in gefolch fan de yntinsjeferklearring op 16 novimber 2017 fan de gemeenten om te fusearjen. Op 12 jannewaris waard de datum fan de fúzje fêsteld op 1 jannewaris 2021. In wetsfoarstel ta gearfoeging fan de trije gemeentes waard op 22 april 2020 troch de Twadde Keamer en op 7 july 2020 troch de Earste Keamer oannommen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners mochten sels kieze hokker namme fan de trije útstellen de nije gemeente krije soe:
- Iemsdelta (nei de mûning fan de Iems, alhoewol't dy gjin delta is)
- Fivelgoa (nei de krite Fivelingoa dêr't de trije gemeentes yn lizze)
- Marenlân (mei in "maar" wurdt yn Grinslân en East-Fryslân ferwiist nei in wetterrin).
De opkomst wie 42% en op 6 jannewaris 2019 makken de boargemasters fan de gemeenten bekend dat de kar foar de nije namme op Iemsdelta foel.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út 32 kearnen, dêr't der twa stêden fan binne:
| Plak | Ynwenners (2021)[1] |
|---|---|
| Appingedam | 11.500 |
| Bierum | 575 |
| Borgsweer | 130 |
| Delfsyl | 15.240 |
| Eenum | 95 |
| Farmsum | 1.620 |
| Garrelsweer | 450 |
| Garsthuizen | 180 |
| Godlinze | 240 |
| Holwierde | 980 |
| Huizinge | 105 |
| Krewerd | 75 |
| Leermens | 175 |
| Loppersum | 2.570 |
| Losdorp | 145 |
| Meedhuizen | 815 |
| Middelstum | 2.2325 |
| Oosterwijtwerd | 150 |
| Seeryp | 420 |
| Syldyk | 165 |
| Spijk | 1.640 |
| Startenhuizen | net bekend |
| Stedum | 1.065 |
| Termunten | 330 |
| Termunterzijl | 295 |
| Toornwerd | 60 |
| Wagenborgen | 1.685 |
| Westeremden | 350 |
| Westerwijtwerd | 85 |
| Wirdum | 365 |
| Woldendorp | 890 |
| 't Zandt | 970 |
Havens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente telt twa havens: in grut yndustryhavenkompleks by Delfsyl, Farmsum en de Oosterhorn, dy't ûnder beheear fan it havenskip Groningen Seaports binne, mei in yn- en in úterdykse jachthaven en in jachthaven by Termunterzijl.
Gemeenterie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útslaggen neffens de weryndielingsferkiezings fan 8 novimber 2020:
| Namme partij | stimmen | % | sitten |
|---|---|---|---|
| Lokaal Belang Iemsdelta | 5243 | 31,92 | 11 |
| PvdA | 2650 | 16,13 | 5 |
| KristenUny | 1804 | 10,98 | 3 |
| VVD | 1693 | 10,31 | 3 |
| CDA | 1656 | 10,08 | 3 |
| Gemeentebelangen Iemsdelta | 1326 | 8,07 | 2 |
| GrienLinks | 953 | 5,8 | 2 |
| Jongerepartij Iemsdelta | 428 | 2,61 | 0 |
| Senioarepartij Iemsdelta | 403 | 2,45 | 0 |
| D66 | 268 | 1,63 | 0 |
| Totaal | 16.424 | 100 | 29 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Grinslân | |
|---|---|
| Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde | |

