Springe nei ynhâld

Syldyk

Ut Wikipedy
Syldyk
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 165 (2021) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53 24' NB, 6 45' EL
Kaart
Syldyk (Grinslân)
Syldyk

Syldyk (Nederlânsk: Zijldijk Grinslânsk: Zieldiek) is in doarp in de gemeente Iemsdelta, yn de provinsje Grinslân. It doarp hie op 1 jannewaris 2021 165 ynwenners.

Oant 1990 hearde Syldyk ta de selsstannige gemeente 't Zandt, dy't doe opgie yn de gemeente Loppersum, dy't yn 2021 wer opgie yn de gemenete Iemsdelta. De plaknamme ferwiist nei de ferdwûne útwetteringsslûs (syl) fan de no fersâne rivier de Fivel.

It doarp leit yn it noarden fan de gemeente Iemsdelta, foar 2021 Loppersum, en is op en om in dyk boud fan de Fivelboezem. It hat dêrom in wat oar karakter as de oare plakken fan de gemeente. It is net sa âld as de oare doarpen. Syldyk is fan oarsprong as lintdoarp boud en foarmet in dûbeldoarp mei Oosternieland, dat foar 2021 yn de gemeente Eemsmond lei. Meidat de doarpen oan elkoar fêst lizze, binne de beide mienskippen net los fan elkoar te sjen, benammen yn it ferieningslibben. Mar sûnt de oanlis fan de N46, de Eemshavenwei, is der in skieding komd. Dochs binne de meast essinsjele foarsjennings foar de bewenners fan Syldyk noch altiten oan de oare kant fan de dyk yn Oosternieland, al hat Syldyk wol in doarpshûs en lytsere foarsjennings.

Yn it doarp steane in 20e-iuwske herfoarme tsjerke mei in dakruter, dy't no brûkt wurdt as doarpshûs 'Fivelhoes', in ienfâldige grifformearde sealtsjerke út 1886, no in deiopfang foar geastlik beheinden, en de doperske fermanje út 1772.

Ta Syldyk heart ek de buorskip Honderd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021