Springe nei ynhâld

Middelstum

Ut Wikipedy
Middelstum
Hippolytustsjerke
Hippolytustsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 2.238 (31-12-2021) [1]
Oerflak 18,39 km², wêrfan:
lân: 18,22 km²
wetter: 0,18 km²
Befolkingsticht. 123 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 38' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Middelstum
Kaart
Middelstum (Grinslân)
Middelstum

Middelstum (Grinslannersk: Milnsum) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. De radiale wierstruktuer fan it doarp is goed bewarre bleaun en it sintrum is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.

Fan 1795 oant 1990 wie Middelstum in selsstannige gemeente. Njonken Middelstum hearden dêr ek de doarpen en buorskippen Anderwereld, Engeweer, Fraamklap, Huizinge, Oosterburen, De Palen, Rodeschool en Toornwerd by. In pear hûzen fan it doarp Kantens foelen ek noch ûnder de gemeente Middelstum. By de weryndieling fan 1990 binne dy by de doe foarme gemeente Eemsmond yndield. Eemsmond fusearre op 1 jannewaris 2019 mei de gemeenten De Marne, Bedum en Winsum ta de gemeente It Hegelân.

It wapen fan Middelstum bestiet út in sulveren skyld mei in blauwe ridder, de hillige Hippolytus, patroanhillige fan Middelstum. Boppe it skyld is in gouden kroan mei trije blêden.

Middelstum is in âld wierdoarp dat foar it earst yn de 9e iuw neamd waard doe't in Ditmar lân yn it doarp Mitilistenheim yn Hunsingo weijoech oan de abdij fan Fulda. Yn 945 waard it plak Midisheim neamd, om 1000 hinne Midlisthem', yn 1300 Midlestum, yn 1372 Myddelstumen yn 1388 lang om let Middelstum.

Boarch Ewsum

By it doarp stiene in hiel skoft de boargen Asingaboarch en Mentheda, dy't alle twa yn de 18e iuw (resp. yn 1744 en 1738) ôfbrutsen waarden. Fan de Asingaboarch bleau it poartegebou stean. Noardlik fan it doarp is de ferdigeningstoer fan de boarch Ewsum (ôfbrutsen yn 1863) noch oanwêzich. De famylje Fan Ewsum bewenne letter de boarch Nienoard by De Like.

De trekfeart Bûterdjip waard yn 1660 fan Bedum oer Middelstum nei Kantens trochlutsen. Dy farferbining waard oan it ein fan de 19e iuw fan grut belang en makke de bou fan in oaljemûne, in houtseachmûne, in suvelfabryk en in stienfabryk mooglik.

Tsjin it ein fan de 19e iuw waard it spoar Grins-Delfsyl oanlein. Middelstum krige oan it spoar in eigen halte. Dat stasjon is yn 1953 sletten.

Op 8 augustus 2006 waard it doarp troch de ierdgaswinning troffen troch in ierdskodding, dy't in krêft fan 3.5 op de Skaal fan Richter hie. Oant doe wie it de swierste ierdskodding fan de noardlike provinsjes.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1795 1849 1899 1947 2006 2017 2021
Ynwenners 583 1.018 1.057 1.634 2.419 2.128 2.015

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1445 waard yn opdracht fan de rike haadling Onno fan Ewsum de letgoatyske Sint-Hippolytustsjerke boud. Yn 1863 waard in twadde tsjerke boud yn Middelstum, de noch jimmeroan oanwêzige fermanje. Yn 1869-1870 lieten ek de grifformearden yn it doarp in monumintale tsjerke bouwe. De moderne grifformeard-frijmakke tsjerke fan Middelstum besit in oargel fan Petrus van Oeckelen.

Yn it doarp is in lyts museum, de bakkerij Mendels, dy't foar in grut part 17e iuwsk is. Fierder is der it Kriichsmuseum Middelstum. In oar 17e-iuwsk gebou is de herberch De Valk. Oan de noardkant fan Middelstum rjochting Toornwerd stiet de nôt- en pelmûne De Hoop út 1855.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
· · Berjocht bewurkje