Springe nei ynhâld

Stasjon Appingedam

Ut Wikipedy
Stasjon Appingedam
station Appingedam
Stasjon Appingedam (2018)
Stasjon Appingedam (2018)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
plak Appingedam
adres Spoorbaan
arsjitektuer
stasjonskoade Apg
type Standerttype Snits
iepening 15 juny 1884
boujier 1883 stasjonsgebou
1982 abry
2014 abry
sloopjier 1981 stasjonsgebou
arsjitekt 1883
M.A. van Wadenoijen
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Grins - Delfsyl
Stasjon Appingedam (1920) mei lokomotyf 717 oan it perron
Stasjon Appingedam (1920) mei lokomotyf 717 oan it perron
Stasjon Appingedam (1973)
Stasjon Appingedam (1973)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Appingedam (Grinslân)
Stasjon Appingedam

Stasjon Appingedam (Apg) is in spoarweistasjon yn de stêd Appingedam yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Appingedam wie in Standerttype Snits, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de seis stasjons dy't ea fan dit type boud waard. It symmetryske stasjonsgebou bestie út in sintraal, twa boulagen heech part mei fjouwerkante plattegrûn en twa fleugels mei rjochthoekige plattegrûn.

Wylst yn de jierren ’70 de measte stasjonsgebouwen lâns de disellinen yn Noard-Nederlân ôfbrútsen wurde, bedarret it stasjon fan Appingedam op in foarriedige monumintelist. Yn 1978 rekke it gebou lykwols troch brân slim skansearre wêrnei't it yn 1981 dochs noch ôfbrútsen is. Yn 1982 komt op it plak fan it gebou in ienfâldige standert abry. By it opknappen fan it stasjonsplein om en de by 2014 is dizze ferfongen troch in modern eksimplaar.[1]

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 5
37700
Stoptrein (Arriva) GrinsAppingedamDelfsyl

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: