Springe nei ynhâld

Moroni

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Morony)
Moroni
it strân fan Moroni
it strân fan Moroni
Bestjoer
Lân Komoaren
Provinsje Moroni
Sifers
Ynwennertal 42.000 (2003)
Oar
Koördinaten

Moroni (Arabysk: موروني) is de haadstêd fan de Komoaren. Der wenje sa'n 42.000 minsken (2003). It is de grutste stêd fan de eilannegroep. De stêd leit oan de westkust fan it eilân Grande Comore, dat ek wol Njazidja neamd wurdt troch de eigen befolking.

De haven leit yn in gloppe en hat in lytse kaai. Yn 'e haven binne fanille, kakao en kofje de grutste eksportprodukten. De stêd liket mei syn moskee's frijwat Arabysk. De Ancienne Mosquée du Vendredi (Alde Freedsmoskee) is it meast ferneamd. Fierders binne der by de stêd moaie strannen te finen.

Moroni hat in eigen ynternasjonale fleanhaven, it 'Prince Said Ibrahim International Airport'. Dêrneist is der in boatferbining mei de fêstewâl fan Afrika, Madagaskar, ferskillende eilannen yn de Yndyske Oseaan en de oare beide Komoaren.

  • Moroni waard yn de 10e iuw f.Kr. al bewenne troch Arabyske kolonisten.
  • 1958: Moroni wurdt de haadstêd fan de Komoaren.
  • 1975: De Koameren wurde selsstannich, Moroni bliuwt de haadstêd.