Zandburen
Appearance
(Trochferwiisd fan Zandburen (Wieringen))
Sânbuorren (offisjeel: Zandburen) is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn Noard-Hollân.
Sânbuorren leit noardeastlik fan it sintrum fan Hippolytushoef en falt sûnt begjin 20e iuw formeel ûnder dat plak. De buorskip is nei alle gedachten ferneamd nei it feit dat der wenningen stienen op wat heger lizzende sângrûn. Buren tsjut yn dit gefal op 'delsetting' en is ôflaat fan bûr, dat gewoan wenning betsjut.
Yn 1840 wie it ynwennertal fan 'e buorskip it dûbele fan 'e mear yn it noarden lizzende Noardbuorren. Dy hie doe 25 ynwenners en Sânbuorren 50 ynwenners. Op Sânbuorren hat iuwenlang in nôtmole stien mei de namme 'De Poal'. Dy is yn 1944 nei bliksemynslach ôfbaarnd.