Springe nei ynhâld

Skoklân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Schokland)
Skoklân
Basis ynformaasje
Lân Nederlân
Provinsje Flevolân
Gemeente Noardeastpolder
Tal ynwenners 8
Oerflak 50  km²
Unesco Wrâlderfgoedlist Sûnt 1995
De herfoarme tsjerke fan Middelbuert, Skoklân
Topografyske kaart fan Skoklân

Skoklân (Nederlânsk: Schokland) is in earder eilân dat yn de Sudersee, en letter nei de bou fan de Ofslútdyk, yn de Iselmar lei. Tsjintwurdich is Skoklân in part fan de Noardeastpolder.

Skoklân ûntstie yn it Holoseen troch it opkommen fan de see wêrtroch der fean ûntstie op it plak fan Skoklân. It fean op Skoklân ferberget in lânskip út de lêste iistiid.

De âldste oanwizings fan eilannen yn de Sudersee (Skoklân en Urk) stamme út de Romeinske tiid. Fan de midsiuwen ôf binne der tekens fan bewenning op it eilân. It eilân wie opdield yn twa stikken. It noardlike part, dêr’t it doarp Emmeloord op lei hearde by it Greefskip Hollân, wylst it súdlike part, mei de doarpkes Middelbuert en Zuidert, fan Oerisel wie. Ek yn godstsjinstich opsicht wie it eilân ferdield. Emmeloord wie Roomsk-Katolyk, Middelbuert en Zuidert wienen Nederlânsk-herfoarme. Op de terp Middelbuert stiet ek tsjintwurdich noch de herfoarme tsjerke út 1834.

Yn de rin fan de iuwen waard it eilân hieltyd lytser troch stoarmen en lânôfslach. Sadwaande moast yn 1855 de Súderbuert ûntromme wurde. Yn 1859 waard it hiele eilân, op befel fan Willem III ûntromme. Frjemd genôch is it eilân dêrnei amper lytser wurden.

Nei dy evakuaasje spriede de befolking harren út. In lyts part gie nei Folendam. De measte minsken lutsen nei Follenhove en Brunnepe, tsjintwurdich in wenwyk fan Kampen. Yn Brunnepe waard de Skokkerbuert boud. In part dêrfan is neiboud yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen. De katolike tsjerke fan Emmeloord waard stien foar stien ôfbrutsen en wer opboud yn Ommen.

Mei de ûntromming waard de gemeente Skoklân opdoeke en by de gemeente Kampen foege. Sûnt de drûchlizzing fan de Noardeastpolder sit it eilân fêst yn it fêstelân. Fan 1942 ôf heart Skoklân by de gemeente Noardeastpolder.

Troch it isolemint fan de ynwenners fan Skoklân hie it eilân hsyn eigen dialekt, it Skokkersk. De kultuer fan Skoklân, mei de dracht, is wrâldferneamd. [boarne nedich]

Resultaten folkstelling 1849 yn de gemeente Skoklân
Buert Famyljes Ynwenners
Totaal Katoliken Herfoarmen Oars
Emmeloord 87 389 370 19 -
Middelbuert 43 188 71 115 2
Suderbuert 14 64 17 47 -
Skoklân 144 641 458 181 2
Boarne: http://www.volkstelling.nl

Hjoed-de-dei is noch mar in lyts part fan it âlde Skoklân oer. Allinnich in stik fan Middelbuert stiet noch oerein. Tsjintwurdich is dêr no in museum fêstige mei in permaninte útstalling fan ûnder mear bonken fan in mammoet dy’t by it eilân fûn binne. It eilân is yn 1995 tafoege oan de UNESCO Wrâlderfgoedlist.

Troch de grûnsoarte fan Skoklân, dat bestiet út in tinne laach klaai en in dikke laach fean, klinkt it eilân hieltyd fierder yn. Dat is it gefolch fan it omleech bringen fan de grûnwetterspegel. Dêrtroch is it eilân al 1,5 meter sakke. Fan de jierren ’90 ôf wurdt besocht om dat tsjin te gean troch it eilân wiet te hâlden.

Sûnt 1 novimber 2008 hat Skoklân de status fan doarp mei in eigen postkoade: 8319. Yn 2008 wiene der noch trije húshâldens, in museum en de wente fan de ljochtwachter.