Stitswert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stitswerd)
De tsjerke en doarpshaventsje

Stitswert (Nederlânsk en offisjeel: Stitswerd; Grinslânsk: Stivverd) is it meast súdlike doarp fan de gemeente It Hegelân, yn de provinsje Grinslân. It doarp hat sa'n 120 ynwennners.

It doarp is in wierdedoarp en is ûntstien op in ouwerwâl fan de Fivelboezem. De wierde is noch goed te sjen foar wa't nei it doarp giet oer de tagongsdiken dy't troch it marenlânskip rinne. Dat it noch sichtber is komt foaral trochdat der te min bûten de wierde boud is. Wol is de bewenning sûnt ein 20e iuw in stik minder agrarysk wurden.

De herfoarme tsjerke fan Stitswerd is fan 1225 en hie de hillige Georgius as patroan. It gebou waard ferboud yn 1850 en hat in klok út 1439 yn de dakruter. Yn 1979 rekke it bûten gebrûk. Yn 1991 waard it gebou hersteld en giel ferve oan de bûtenside.

Bysûnder oan dit doarp is ek dat it doarp de heechste postkoade fan Nederlân hat, 9999 XL, oan de Akkemawei. De Knolwei hat fierders de noch hegere, fiktive postkoades 9999 XA, XX, ZA en ZZ.