Fiktoaria (Seysjellen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fiktoaria
Victoria (Seychelles).jpg
Sifers
Ynwennertal 24.970 (2002)
Befolkingstichtens 55,6/ km²
Polityk
Lân Seysjellen
Eilân Mahee
Oar
Koördinaten
Lizzing Fiktoaria op de Seysjellen

Fiktoaria (ek wol Port Victoria of Mahé) is de haadstêd fan de Seysjellen en leit op de noardeastlike kant fan it eilân Mahee.[1] Likernôch in tredde fan de befolking fan de Seysjellen wennet yn Fiktoaria. De stêd is stifte as residinsje fan it Britske koloniaal bestjoer.

De eksport út Fiktoaria wei bestiet foar it meastepart út fanylje, kokosnuten, kokosnute-oalje, skyldpoddeskylden, sjippe en gûano.

It besjen wurdich binne:

  • in klokketoer boud nei foarbyld fan de Big Ben yn Londen
  • it gerjochtsgebou
  • de Fiktoaria botanyske tunen
  • it Fiktoaria Nasjonaal museum foar de skiednis
  • it Fiktoaria nasjonaal natuerhistoarysk museum
  • de Sir Selwyn-Clarke Market

De stêd hat it nasjonaal stadion en in polytechnysk ynstitút. De binnenhaven leit fuort east fan de stêd; tonyn- en oare fiskerij en ynblikjen fan fisk hawwe grutte lokale ekonomyske betsjutting.

It fleanfjild Seychelles International Airport waard yn 1971 foltôge. In grutte brêge yn Fiktoaria waard ferneatige troch de tsûnamy troch de ierdskodding yn de Yndyske Oseaan yn 2004.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokketoer (Big Ben)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NGA GEOnet Names Server

Ingelsktalige Wikipedia