Hollebalg
Appearance
(Trochferwiisd fan Hollebalch)
Hollebalg is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn de provinsje Noard-Hollân.
It plak leit krekt eastlik fan Westerlân en krekt súdwestlik fan Hippolytushoef. Hollebalg is yn wêzen it tuskenstik dat Westerklyf mei Westerlân en Hippolytushoef ferbynt. De delsetting is nei alle gedachten ûntstien nei't der by Westerklyf en Easterklyf in soarte kliffen ûntstienen.
Yn 1913 kaam de buorskip noch foar as Hollebolg. De plaknamme soe eat as 'leech lizzende sleat' betsjutte kinne: balg/bolg betsjut 'sleat' en mei hol wurdt nei alle gedachten 'leechlizzend' bedoeld.