Westerland (Noard-Hollân)
Westerland | ||
Nikolaastsjerke. | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 780 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 1778 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53 'NB, 4° 55 'EL | |
Kaart | ||
Westerlân (offisjeel: Westerland) is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Westerlân is it meast westlike doarp fan it eardere eilân Wieringen. By it doarp leit ek it heechste punt fan Wieringen, dat 13 meter boppe NAP is. It doarp ûntstie stadichoan troch lintfoarmige bebouwing op en tsjin de driuwwâlen, resten fan 'e op ien nei lêste iistiid. Westerlân is ek ien fan 'e âldere plakken fan Wieringen.
It diel fan Westerlân westlik fan 'e tsjerke stie eartiids bekend as 'it Skrale Ein', om't it dêr nochal earmoedich wie. De namme bestiet noch, mar it is tsjintwurdich in populêr gebiet om te wenjen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Westerland).
De protestantske tsjerke fan it doarp is de oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke. De toer is 15e-iuwsk, mar it skip waard yn 'e 19e iuw werboud, nei't de oarspronklike tsjerke brekfallich woarn wie. Der stie al yn 'e 12e of 13e iuw in tsjerke, mar bewiis foar in krekte datearing is der net.
Oan it westlike begjin fan it doarp stiet de villa 'Waterkeer'. Dy villa waard boud foar Cornelis Lely, dy't lykwols al gau nei de foltôging ferstoar. Neitiid is de villa noch brûkt as pension.
Noardwestlik fan it foar by it fiadukt stiet it monumint ta neitins fan 'e slachtoffers fan 'e Twadde Wrâldkriich. Súdwestlik fan it doarp leit de Amstelmar mei it Lutjestrand (Lytse strân).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |