Woudenberg

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wâldenberch)
Woudenberg

Gemeentehûs fan Woudenberg
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
boargemaster Magda Jansen-van Harten (CDA)
sifers en geografy
haadplak Woudenberg
grutste plak Woudenberg
ynwennertal 13.901 (31 jannewaris 2022)
befolkingstichtens 381 / km²
oerflak 36,82 km²
● wêrfan lân 36,53 km²
● wêrfan wetter 0,29 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren ,
skiednis
oprjochte 1812
oar
netnûmer 0333
postkoade 3930, 3931
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.woudenberg.nl
Topografyske gemeentekaart fan Woudenberg

Woudenberg (Nedersaksysk: Wombaarg) is in gemeente en plak yn de provinsje Utert. De gemeente hat 13.901 ynwenners (2022) en in oerflak fan 37,72 km². Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare doarpen, mar wol in diel fan it buorskip Moorst.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1131 skinkt de biskop fan Utert Hengistcoto oan de St. Laurensabdij yn Eastbroek (by De Bilt). De namme Henschoten is dêryn werom te finen en wurdt no noch brûkt foar it boskgebiet mei de dêryn lizzende rekreaasjemar. Yn de kearn fan Hengistcoto bouwe de muontsen fan de abdij in curtis (pleats mei wâlen rûnom). Dy lei op de hichte fan it hjoeddeiske krúspunt fan de wegen fan Austerlitz nei Woudenberg en Doarn nei Amersfoart. Dat krúspunt hjit Quatre-Bras. It leit oan de foet fan de hichte dêr't yn 1804 de Piramide fan Austerlitz ferriist.

Yn 1133 ferkeapet de biskop oan dyselde abdij en oan trije partikulieren ± 500 bunder sompich lân beëasten Henschoten dat yn it Westerwâld leit. Yn it sintrum fan dat gebiet ûntstiet nei 1240 de buorren fan Woudenberg.

De ûntginning fan it leechlizzende lân is yn dy mear as hûndert jier amperoan fan de grûn komd. Yn 1240 beslút de abdij (dy't dan de ienige eigener blykt te wêzen) om de ± 500 hektare grûn yn erfpacht út te jaan oan de ealman Philips fan Ryningen út Wyk by Duerstede. Dy pakt daliks troch. Om it gebiet ûntwetterje te kinnen wurde sleatten groeven en de ierde wurdt brûkt om (lege) dykjes op te smiten. Der ûntstiet in trochgeande west-east ferbining rjochting Skerpenseel (Stasjonswei) en inkelde noard-súd lizzende ûntginningsassen: Ekris, Weteringsedyk (Maarsbergsewei) en Griftdyk.

Om 1280 is der al in moaie haal dien: arbeiders om utens hawwe it gebiet ûntsluten en it lân is opdield en foar it meastepart yn lien útjûn. Philips syn pakesizzer Jan fan Ryningen lit no in boarch bouwe yn syn territoarium yn it (Wester-)Wâld: de 'Wâldenboarch'. Dat stie op de hjoeddeiske krusing Vondelleane/'t Schilt, flak besúdwesten de buorren fan Woudenberg.

Yn 1340 komt Woudenberg yn hannen fan Jan fan Kulemboarch en yn 1352 ferkeapet dy it wer oan Gysbert fan Abcoude. Jan fan Kulemboarch junior is it mei de beslissing fan syn heit net iens. Dêrom oerfalt er it kastiel, hâldt 17 wiken stân, oant in leger fan de biskop fan Utert it yn 1353 ynnimt en ferwoastget. De rêst is weromkomd yn it grinsgebiet mei Gelre. De stiennen wurde brûkt om de tsjerke in opknapbeurt te jaan. (Al yn 1309 is sprake fan in kapel yn Woudenberg). Dy tsjerke stiet der no noch, al sjocht er der no hiel oars út; it is de Woudenberger doarpstsjerke. By de restauraasje yn 1988 binne muorredielen fûn dy't makke liken te wêzen fan dy 14e iuwske stiennen.

Koart nei 1400 binne der in soad bou-aktiviteiten: der wurdt in toer mei klokken deryn tsjin de tsjerke oanboud, kastiel Gearestein, ridderhofstêd Grienewâlde op Ekris en in twadde slot Woudenberg tusken Efterstrjitte (no Burchwâl) en Middenstrjitte. Fan dat lêste slot binne by bouwurksumheden om 1990 spoaren fan de âlde grêften weromfûn. Fan it kastiel Grienewâlde is no noch it koetshûs te finen; der sit no in akkountantskantoar yn. Kastiel Gearestein is noch hielendal yntakt. It stiet oan de Gearesteinseleane en is haadkantoar fan in arsjitekteburo.

It gebiet fan de ± 500 hektare waard begrinzge troch de line Zeghewei-Rumelaarsewei. It gebiet eastlik dêrfan foel ûnder Amerongen en wie foar 1352 al yn it besit fan earder neamde Gysbert fan Abcoude. Syn besittings yn dat diel fan it Stift fan Utert slute mei it ferkrijen fan de 500 hektares yn 1352 naadleas op elkoar oan. Al gau (yn elts gefal foar 1375) late dit ta in bestjoerlike gearfoeging ûnder de skepenen fan Woudenberg. Gearestein hat altyd selsstannich west en is pas yn 1812 mei Woudenberg yn ien gemeente opgien.

Woudenberg waard yn de 18e iuw bekend yn de omkriten troch it op grutte skaal ferbouwen fan tabak. In strjitnamme bringt dat noch te binnen: dêr't eartiids inkel tabaksplantaazjes leinen, leit no Tabakslân. It doarp is groeid út in agraryske kearn en om it jier 1900 hinne wenne der mear as 2.500 minsken, benammen boeren, ambachtslju en arbeiders. Oant de ein fan de Twadde Wrâldoarloch bleau it doarp likernôch itselde as de hûnderten jierren dêrfoar, mei in Foarstrjitte, in Middenstrjitte, Efterstrjitte (no Burchwâl en Skoalstrjitte) en Utlis (no Doarpsstrjitte).

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it oanwiisd as groeikearn en waarden sûnt begjin jierren sechtich in oantal wenwiken út de grûn stampt, mei ûnder oare it Seeheldekertier, de J.F. Kennedyleane, de Fersetsheldewyk, 't Seelân en it nij te bouwen It Griene Wâld. Sûnttiids is Woudenberg stadichoan útgroeid ta in folslein funksjonearjende gemeente. De soad transportbedriuwen binne skaaimerkend krektas de lichte yndustry.

It Skoutehûs

Skoutehûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1908 rjochte Jhr. W.H. de Beaufort it rintmasterskantoar op. Doel wie om de besittings fan de famylje, ûnder mear it hjoeddeiske lângoed Den Treek-Henschoten te behearen. Hy kocht yn 1914 it hûs fan de eardere skout fan Woudenberch oan en neamde it “’t Schoutenhuis”. Al gau kamen ek de besittings fan oare partikuliere eigeners ûnder syn tafersjoch. Neist it behear fan lângoeden en taksaasjes, advisearret it kantoar ek by saken oangeande oan- en ferkeap, skieding en dieling, pacht en romtlike oardering. Yn de buorren is it in opfallend gebou.

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn geunstige lizzing (neffens party krekt yn de midden fan it Nederlân en noch gjin tsien kilometer fan Amersfoart) makket it ta in ridlik bekend doarp. Ek it rekreaasjegebiet Henschotermar (in eardere sânôfgraving) is yn de regio bekend by sinnebaaiers en wannelers. It Falleikanaal rint dwers troch de gemeente en de Utertske Heuvelrêch en de Gelderske Fallei komme dêr byïnoar.

Henschotermar

It spoar Amersfoart-Kesteren rûn fan Amersfoart troch Woudenberg nei Veenendaal en fierder nei Kesteren en Dútslân, mar nei de Twadde Wrâldoarloch is dy yn ferfal rekke; it stik Leusden-Súd – Woudenberg – Feanendaal Oansluting is opbrutsen. Plannen om it spoar Amersfoart-Feanendaal wer te iepenjen, waarden yn juny 2007 oppenearre en besprutsen. Dat soe betsjutte, dat Woudenberg har wylst sechtich jierren yn ûnbrûk rekke stasjon weriepenje soe. It soe gean om in saneamde lightrail, wat de berikberheid fan lytsere gemeenten as Woudenberg en Leusden tige ferbetterje soe, mar de plannen binne noch yn ûntwikkeling.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Woudenberg hat yn 2009 sân basisskoallen, trije binne protestantsk-kristlik, ien reformatoarysk, en trije iepenbier.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lokale omrop Dorp en streek tv, is rjochtet op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Skerpenseel, Woudenberg, Rhenen en Elst. Fierders is der in lokale radiostjoerder, Midland FM. Dy stjoerder makket ek radio foar Renswoude en Skerpenseel.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden