Austerlitz (Nederlân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lizzing
Keunstwurk
Doarpsplein
Wenwyk

Austerlitz is in doarp yn de provinsje Utert, gemeente Seist. Der wenje 1.525 minsken yn Austerlitz.

Hoewol't kening Loadewyk Bonaparte der yn 1806 in stêd fan meitsje woe troch der ûnder oaren stedsrjochten oan te ferlienen, is dat der nea fan komd en waard it op 1 jannewaris 1812 troch Napoleon ynlive by Seist. De skiednis fan Austerlitz giet werom oant 1804, doe't Auguste de Marmont, generaal fan Napoleon Bonaparte, de helte fan syn troepen hjir gearkomme liet, sa'n 18.000 manskippen. In oantal hannelers bleaune by it legerkamp hingjen om te hanneljen mei de soldaten. De Marmont waard letter weiroppen nei oarloggen op oare plakken, mar de hannelers bleaunen, en harren delsetting wie it begjin fan it doarp Austerlitz. Neidat Napoleon op 2 desimber 1805 de saneamde 'Trijekeizerslach' by Austerlitz (it hjoeddeiske Slavkov u Brna) wûn hie, besluet syn broer Loadewyk (dy't in jier letter kening fan Hollân wurde soe) de delsetting en de Piramide de namme Austerlitz te jaan. Austerlitz is benammen bekend troch de Piramide fan Austerlitz, in bouwurk dat yn opdracht fan De Marmont boud waard troch syn soldaten.

Bekende Austerlitzers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mick Mulder (Tim fan de Daltons)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: