Skagen
Skagen Schagen | ||
De Grutte Tsjerke yn Skagen | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.495 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Stifting | 1415 (stedsrjochten) | |
Ferkearsieren | N241 N245 N248 Spoar fan Amsterdam nei De Helder | |
Postkoade | 1741-1742 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 47' N, 4° 48' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan de gemeente Skagen | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de Noardhollânske stêd Skagen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Skagen (betsjuttingsside).
Skagen (Nederlânsk: Schagen, Westfrysk: Skagen[2]) is in stêd yn de krite West-Fryslân yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân en is it haadplak fan de gemeente Skagen dy't yn 2013 ûntstie nei in fúzje fan de eardere gemeente Skagen mei de gemeenten Zijpe en Harenkarspel. De eardere gemeente Skagen bestie njonken de stêd Skagen ek út de buorskippen Grotewal, Keins, Lagedijk, Nes, Tin (foar in part), Tjallewal, Tolke en 't Wad (foar it grutste part).
De stêd hat 19.495 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit yn it noardwesten fan West-Fryslân yn it noarden fan Noard-Hollân yn de Westfryske Ringdyk. De eardere gemeente Skagen, en de eardere gemeente Harenkarspel allyk, leine folslein yn West-Fryslân, wylst de oare fúzjegemeente Zijpe dêr bûten lei.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiken fan Skagen:
- Sintrum
- Groeneweg
- Grotewal (yndustryterrein)
- Hoep-Noard
- Hoep-Súd
- Lagedijk (yndustryterrein)
- Muggenburg
- Nes-Noard
- Waldervaart
- Witte Paal (yndustryterrein)
- Waterveld
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak wurdt yn in 11e iuwske kopy fan 1420 neamd as Scagha, 1125-1130 kopy fan 1420 Scagon, om 1180 hinne Scagen, 1343 Scaghen, 1665 Schaegen, in werprintinge út 1745 fan in dokumint út 1680 Schagen.
De namme is identyk oan it Aldnederlânske scaga, it Aldingelske sceaga en it Aldnoarske skógr, itjinge "bosk(je)" betsjut, mei yn lettere foarmen nei alle gedachten in datyf meartal en de betsjutting "by it boskje". Oare ferklearrings wize nei in út nei in útpoeljende lânpunt, te ferlykjen mei it Nederlânske scheg en Aldnoarske skagi.[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]9e iuw oant en mei 15e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skagen waard al om 989 neamd doe't yn dokuminten optekene waard dat greve Durk II en syn wiif seis pleatsen yn villa Scagha oan de Abdij fan Egmond oerdroegen. It is net wis dat der doe al sprake fan ien doarp wie, mar der binne al oanwizings fûn foar bewenning yn de 10e en 11e iuw op terpen yn en om Skagen hinne, dochs wiene dy terpen te lyts en húsmanje mear as ien húshâlding.
Yn 1415 joech greve Willem VI stedsrjochten oan Skagen. Dat wie part fan in grutte bestjoerlike herfoarming yn West-Fryslân dêr't hast gâns it Westfryske plattelân yn ien as oare foarm stedsrjochten krige, nei in model fan it hânfêst dat Schellinkhout yn 1402 krigen hie. De rjochten waarden yn 1426 al wer ôfnommen troch Filips fan Boergonje, nei oanlieding fan de opstelling fan Skagen yn de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen, lykas in soad fan de oare Westfryske plattelânstêden dy't itselde ûndergiene. Yn 1427 joech Filips Skagen yn lien oan syn omke Willem de Bastert, ien fan de sân bastertsoannen fan Albrecht fan Beieren en Marije fan Bronckhorst. Willem joech Skagen yn 1427 in nij stedsrjocht. Hy liet dêr in slot bouwe en luts him dêr yn 1440 yn. Yn 1456 krige Skagen fan Filips fan Boergonje alle eardere ferlearen rjochten werom. Willem liet dêrnei in tsjerke bouwe dy't yn 1460 ree kaam en dy't oan Sint-Kristoffel wijd waard. De tsjerke waard op 29 augustus 1895 troch in brân ferwoastge.
Skagen groeide út ta in regionaal sintrum. Yn 1463 krige Skagen it rjocht op it hâlden fan twa jiermerken en in wikemerk.
16e oant en mei 19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1603 krige Skagen fan de Steaten fan Hollân en West-Fryslân it rjocht op in jierlikse hynstemerk. Yn it begjin fan de Gouden Iuw hie Skagen ta tsjinstelling fan de oare Westfryske stêden lykas Alkmar, Inkhuzen, Medemblik en Hoarn net folle bloei. Letter koe de stêd lykwols al profitearje fan de tanommen woltierigens, dochs helle nea de bloei dy't dy oare stêden hiene. Ek nei dy snuorje kaam de bloei net folle mear op gong. Troch it ynpolderjen fan omlizzend gebiet yn de 19e iuw koe skagen wer ta bloei komme. Benammen de feemerk spie dêrby in wichtige rol. Doe't yn 1865 it spoar fan Amsterdam nei De Helder yn gebrûk nommen waard ûntstie in grut ôfsetgebiet foar de pleatslike bedriuwigens. Skagen hie doe likernôch 2060 ynwenners.
Yn 1894 waard Skagen opskrokken troch in dûbelde moard, doe't de santjin jierrige Klaas Boes syn 55 jierrige buorfrou en har 17 jierrige muoikesizzer fermoarde hie[4][5]. Dy moard lyts it omtinken fan de nasjonale media en dat late ta de selsmoard fan de dieder syn mem. De nije boargemaster Simon Berman wie foarsitter fan in komitee dy't 750 gûne oan dyjinge beleane dy't de "gouden tip" joech[6]. Yn 1895 waard Klaas Boes feroardiele ta in libbenslange finzenisstraf dy't letter ta 25 jier feroare waard. Yn 1922 kaam er frij fan de finzenis en hy ferstoar yn 1956. De namme "Klaas Boes" waard yn Nederlân jierrenlang in stereotypyske namme foar kweajonges.
20e en 21e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de rin fan de 20e iuw rûn de woltierigens stadigoan tebek. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich rûn de lânbousektor hurd werom. Dochs om't Skagen net allinnich dêr ôfhinklik fan wie, wie it efterútbuorkjen yn Skagen net sa slim as yn in soad oare agraryske mienskippen. Om 1960 hinne begûn Skagen stadichoan wer foarút. It ynwennertal wie noch ûnder de 5000, mar wie al oan it waaksen. Yn de 1970-er jierren woeks it ynwennertal fluch, om yn de 1990-er jierren ôf te sakjen, dochs bleau frij sterk yn ferliking mei omlizzende plakken. Yn 2007 hie Skagen likernôch 19.000 ynwenners en dêrnei bleau it dêr omhinne hingjen.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grutte Tsjerke, protestantske tsjerke oan de Markt.
- Sint-Kristoffeltsjerke, roomsk-katolike tsjerke nei ûntwerp fan Alfred Tepe.
- Slot Skagen
- Markt, it sintrale plein yn it sintrum.
- Regionaal Museum 1940-1945 Skagen
- Museumpleats Vreeburg
- Automuseum
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skagen is it regionale sintrum yn in krite mei in soad lytse doarpen en útbuorrens. De tongersdeis merke en de soad feesten troch it jier hinne lûke in soad besikers.
- De Westfryske Folkloare is eltse simmermoannen eltse tongersdeis op de Skager Merk. Ferskate âlde ambachten wurde útstald en neispile yn 't sintrum. In hichtepunt is de grutte optcht dy't moarns oer de merk hinne lûkt. Alde koetseweinen, manlju en froulju yn ferskate klaaiïngen en muzyk meitsje de optocht in populêre attraksje.
- De Paasveetentoonstelling Schagen (Peaskefeeútstalling Skagen) wurdt elts jier op woansdeis tsien dagen foar Peaske holden.
- Popwikein wurdt yn it earste wikein fan augustus holden.
Ferkear en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skagen leit oan de provinsjale diken N241, N245 en N248. Stasjon Skagen is it iennige stasjon fan de stêd en hat troch it Spoar fan Amsterdam nei De Helder in streekrjochte ferbining mei De Helder, Alkmar, Saandam, Amsterdam, Utert, Arnhim, Nijmegen, De Bosk, Eindhoven en Maastricht. By it stasjon is in lyts busstasjon dat it begjin- en einpunt fan twa buslinen en fjouwer buertbuslinen is.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- J. Bregman, Schagen door de eeuwen heen, 1965, printinge: Meijer Wormerveer.
- K.C. Numan, De veldnamen van Schagen, 2015, printinge: Springeruit Schoorl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schagen fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Skagen | ||
---|---|---|
Stêd: Skagen | ||
Doarpen: Burgerbrug • Callantsoog • Dirkshorn • Eenigenburg • Groenveld • Krabbendam • Oudesluis • Petten • 't Rijpje • Skagerbrêge • Schoorldam (foar in part) • Sint Maarten • Sint Maartensbrug • Sint Maartensvlotbrug • Sint Maartenszee • Stroet • Tjallewal • Tuitjenhorn • Valkkoog • Waarland • Warmenhuizen • 't Zand | ||
· · |