Springe nei ynhâld

Sint-Kristoffeltsjerke (Skagen)

Ut Wikipedy
Sint-Kristoffeltsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
plak Skagen
adres Molenstraat 2
koördinaten 52° 47'N 4° 48'E
Tsjerklike gegevens
bisdom Haarlim-Amsterdam
patroanhillige Sint-Kristoffel
Arsjitektuer
arsjitekt Alfred Tepe
boujier 1883
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33058
Webside
Kristoffelparochy Skagen
Kaart
Sint-Kristoffeltsjerke (Noard-Hollân)
Sint-Kristoffeltsjerke

De Sint-Kristoffeltsjerke (Christophoruskerk) is in roomske krúsbasilyk yn Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân. De tsjerke is in neogoatysk ûntwerp fan Alfred Tepe en wijd oan Sint-Kristoffel. Yn it portaal is in gevelstien te sjen, dy't út de foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke stamt.

Reliëf Sint-Kristoffel.

De earste fermelding fan in tsjerke yn Skagen datearret út it jier 998, doe't greve Durk II jild oan 'e abdij fan Egmond neiliet om in nije tsjerke yn Skagen te bouwen. Yn 1415 krige Skagen stedsrjochten en yn 1460 waard de bou fan in nije tsjerke foltôge. Dy tsjerke wie mei bylden fan hilligen fersierd en de pylders wiene beskildere mei Latynske opskriften. Yn' e tiid fan 'e reformaasje gie dy tsjerke oer nei de protestanten en de katoliken moasten it tenei mei hûstsjerken en skûltsjerken dwaan. Yn 1708 kaam der in skûltsjerke oan 'e Hogezijde, dy't healwei de 19e iuw noch útwreide mar lang om let dochs te lyts waard.

Op snein 10 maaie 1881 waard dêr foar it lêst in hillige misse fierd en op 20 septimber dat jier waard de earste peal foar de hjoeddeiske tsjerke slein. Goed twa jier letter waard op snein 21 oktober 1883 de nijbou troch de Haarlimske biskop monseigneur C.J.M. Bottemanne ynwijd. Yn 'e toer waarden trije âlde liedklokken ophongen en der wie ƒ 200,-- foar in oargel beskikber, dat 6,5 registers telde en út it seminaarje fan Hageveld kaam. Sân jier letter waard it ferfongen troch in harmoanium.

Lofts fan 'e haadyngong wie de achthoekige doopkapel, hjoed-de-dei yn gebrûk as Marijekapel. De kapel hat glês-yn-leadramen. De kapel is fan in glêzen wand fan 'e tsjerke ôfsletten.

It Nicholson-oargel is ien fan'e moaiste romantyske oargels fan Nederlân en waard yn 1882 troch de Ingelske oargelbouwer John Nicholson foar de St Mary Magdalene yn Worcester boud. Yn 1981 waard it yn Skagen opboud.

Yn 'e toer hinget in âlde klok dy't yn 1478 troch Herman getten is. De klok hat in diameter fan 79,5 sm en komt út 'e eardere tsjerke fan it Grinslânske Eppenhuizen. Op 'e klok steane de reliëf fan 8 hilligen, wêrfan Katarina, Nikolaas (twaris), Barbara, Sint-Jan, Agnes en Marije mei Bern te werkennen binne. Fierder is der in klok fan J. van Bremen (ôfkomstich út Midslân) en in 19e-iuwske klok fan in ûnbekende jitter út Weiwerd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op de:Christoforuskerk