't Zand (Skagen)

Ut Wikipedy
't Zand
Us Leaffrouwe Fisitaasjetsjerke
Us Leaffrouwe Fisitaasjetsjerke
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 2.620 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 2758
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' N, 4° 45' E
Offisjele webside
www.tzand.info
Kaart
't Zand (Noard-Hollân)
't Zand

't Zand' is in doarp yn 'e gemeente Skagen yn 'e provinsje Noard-Hollân en hat 2.620 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Zand is ûntstien as buorskip oan it begjin fan 'e 18e iuw. De kearn ûntstie om it loazjemint 't Wapen van Alkmaar hinne. Yn 1733 stienen der likernôch tsien hûzen oan 'e haadwei, de Bosweg. De namme fan it doarp is ûntliend oan 'e doetiidske herberge mei de namme 't Zand. De buorskip waard op 't lest in doarp nei it oanlizzen fan it Noardhollânsk Kanaal om 1824 hinne. In ynwenner of eat dat der wei komt wurdt in Zandtemer neamd.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nôtmûne "De Hoop."

De katolike tsjerke út 1863 waard boud neffens in ûntwerp fan Theo Molkenboer. It tsjerkeoargel waard boud troch Ypma en hat it manuaal oan 'e sydkant, dat earder typysk foar herfoarme tsjerken is. De pastorij is modern en datearret fan 1985.

Yn 't Zand is noch ien fan 'e flotbrêgen dy't oer it Noardhollânsk Kanaal oanlein binne. Oan 'e Rijkweg N9 is yn 2011 de nôtmûne 'De Hoop' wer opboud.

Krekt eastlik bûten it doarp leit in natoergebiet mei in einekoai, in besikerssintrum en in hut dêr't fûgels opstrewearre wurde kinne. Yn 'e selde polder steane ek de twa poldermûnen.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste eveneminten yn it doarp binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:'t Zand (Schagen)


Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSchagerbrugSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
wizigje