Warmenhuizen


Warmenhuizen (Westfrysk: Wermehúze) is in doarp yn de gemeente Skagen, yn de provinsje Noard-Hollân. It wie fan oarsprong in boeredoarp, mar no is der in soad nijbou mei benammen forinzen. Warmenhuizen wie oant 1990 in selsstannige gemeente. It doarp hie yn 2005 sawat 5608 ynwenners.
Warmenhuizen is wierskynlik yn 9e iuw of 10e iuw ûntstien, ek 745 wurdt wol as ûntsteansdatum neamd. It doarp wurdt as huzegroep fan in Wermer yn 1289 foar it earst neamd as Wermerhûs.
It doarp is regionaal en lanlik bekend troch de protte sporters. Sa wenne Steven Rooks, winner fan de boltsjestrui yn de Omloop fan Frankryk fan 1988, destiids yn Warmenhuizen. Nei oanlieding fan syn boltsjestrui waard ien kafee yn it doarp farve yn de kleuren fan de trui: wite gevel mei reade boltsjes. Dy gevelstyl hat it kafee holden.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It besjen wurdich yn Warmenhuizen is de Herfoarme tsjerke. De basis foar dy tsjerke waard lein yn de 13e iuw. Dat is goed te sjen oan de westgevel, omdat dy oplutsen is út saneamde kleastermoppen. De brûkte kleastermoppen binne moogelik ôfkomstich fan de eartiidske boarch Nuwendoorn bewesten it dorp. Tsjin dy westmuorre is de hjoeddeiske toer boud, nei alle gedachten yn de 14e iuw. Yn de rin fan de tiid binne èn it skip èn de toer ferskeidene kearen útwreide. De klokstoel komt út de yn 1779 ynstoarten toer fan Schoorl. Yn 't tsjerke wurde útsein de gewoane tsjerketsjinsten ek eksposysjes en konserten holden. En ek de oare tsjerke, boud yn de 19e iuw troch Theo Molkenboer is it besjen wurdich.
Fierders hat it doarp noch in âld gebou, de Moriaan, út de 16e iuw, no in restaurant.
Berne yn Warmenhuizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Sjouke Westra, in Nederlânske reedrider
- Joop Klant, in Nederlânske proazaskriuwer en ekonoom
- Klaas Boot, in Nederlânske turner en sportferslachjouwer
- Matthé Pronk, in Nederlânske hurdfytser
- Jos Pronk, in Nederlânske hurdfytser