Valkkoog
Valkkoog | ||
Strjiite yn Valkkoog mei de herfoarme tsjerke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skagen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 140 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 47' N, 4° 46' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Valkkoog yn de eardere gemeente Harenkarspel |
Stroet is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It doarp leit tusken de Sint Maarten en Skagen, dêr't it justjes súdwestlik fan leit.
Stroet hat 305 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is ûntstien op fjouwer terpen oan de ein fan de 12e iuw. De namme komt foar yn in brief fan abt Lubbert II fan de Abdij fan Egmond, dêr't yn sprutsen waard oer in syl nei de noch net drûchmakke Burghorn. De namme komt foar as Valkencoech (1318), Valkencoich (1382), Valkenkage (1395), Valkenkaghe (1395-1396), Valcken-cogge (1498), Valkencoghe (1573), Valck Ooge (1639), Valck Ooge (1665), Valck Coog (1680, werprintinge 1745). Der soe ek in attestaasje út 1250 wêze en op in kaart út 1288 wurdt de plaknamme skreaun as Valkencoogh. De namme betsjut "bûtendyks lân/opslike lân bûtendyks (koog, identyk oan Aldfryske kāch, Aldnederlânske kōg en Germaanske kauga) fan de persoan Valke.
De muontsen fan de Abdij fan Egmond hawwe yn dy snuorje de bewenners fan Valkkoog holpen mei it oanlizzen fan in dyk fan Sint Maarten nei Valkkoog en beskermje it benefter lizzende lân tsjin it ûnderstrûpen dêrfan. It doarp lei doetiids oan de Zijpe, in waadgebiet tusken de Noardsee en Sudersee. Dêrfoar wennen de bewenners yn dy omkriten op terpen. Nei alle gedachten hat de abdij yn dy snuorje ek de earste tsjerke stifte.
De Valkkogerdyk waard oanlein fan Skagerdam nei Hemelrijkshorn, it hjoeddeistige Sint Maarten, is in part fan de âlde Westfryske seedyk. De wielen benefter de dyk ûntstiene letter by it trochbrekken fan de dyk. De polder Valkkoog waard letter bemeald troch ferskate poldermûnen. De Groenvelder, by it doarp Groenveld is noch de iennige dy't oerbleaun is.
Fierders hat Valkkoog altyd in benammen agraryske mienskip west.
Oant 1990 hearde Valkkoog by de gemeente Sint Maarten, dy't doe by de gemeente Harenkarspel kaam. Yn 2013 waard dy gemeente mei Skagen en Zijpe gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Skagen.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stjelp op Valkkogerweg11
- it eardere Nederlânsk herfoarme tsjerke fan de 16e iuw. Yn 'e tsjerke stiet in oargel boud yn 1871 troch de bruorren Adema út Ljouwert. De klok yn 'e toer is fan 1635.
- Pastorije út 1874
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Eardere herfoarme tsjerke
-
Valkkoog fan de Ringdyk ôf sjoen
-
Sicht op Valkkoog
-
Sicht op Valkkoog
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Valkkoog fan Wikimedia Commons. |
Gemeente Skagen | ||
---|---|---|
Stêd: Skagen | ||
Doarpen: Burgerbrug • Callantsoog • Dirkshorn • Eenigenburg • Groenveld • Krabbendam • Oudesluis • Petten • 't Rijpje • Skagerbrêge • Schoorldam (foar in part) • Sint Maarten • Sint Maartensbrug • Sint Maartensvlotbrug • Sint Maartenszee • Stroet • Tjallewal • Tuitjenhorn • Valkkoog • Waarland • Warmenhuizen • 't Zand | ||
· · |