Stasjon Skagen
Stasjon Skagen station Schagen | ||
Stasjon Skagen yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skagen | |
plak | Skagen | |
adres | Plantsoen 3 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Sgn | |
iepening | 20 desimber 1865 | |
boujier | 1862 1e stasjonsgebou 1968 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1967 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1968 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline K | |
5325(2016) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Skagen (Sgn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske stêd Skagen yn de provinsje Noard-Hollân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarweistasjon fan Skagen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw en ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1866 krige it stasjon in oanbou mei sealtek en yn 1907 waard der oan de linkerkant in lange fleugel oanboud.
It stasjon waard yn 1968 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – Skagen – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
3000 | Intercity (NS) | Nimwegen – Arnhim Sintraal – Ede-Wageningen – Veenendaal-De Klomp – Driebergen-Zeist – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Saandam – Alkmar – Skagen – De Helder | Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|