Springe nei ynhâld

Stasjon Driebergen-Seist

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stasjon Driebergen-Zeist)
Stasjon Driebergen-Seist
station Driebergen-Zeist
Stasjon Driebergen-Seist yn 2020
Stasjon Driebergen-Seist yn 2020
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utertske Heuvelrêch
plak Driebergen-Rijsenburg
adres Oude Stationsweg 11
arsjitektuer
stasjonskoade Db
type Trochgongsstasjon
iepening 17 juny 1844
boujier 1864 1e stasjonsgebou
1962 2e stasjonsgebou
2020 3e stasjonsgebou
sloopjier 1962 1e stasjonsgebou
2017 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1864
Arsjitekt ûnbekend
1e stasjonsgebou
1962
M.W. Markenhof & K. van der Gaast
2e stasjonsgebou
2020
Arcadis
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Rhijnspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Driebergen-Seist (Utert)
Stasjon Driebergen-Seist

Stasjon Driebergen-Seist (Db) is in spoarweistasjon tusken de plakken Driebergen-Rijsenburg en Seist it leit san 2 km fan Driebergen-Rijsenburg yn de gemeente Utertske Heuvelrêch en waard iepene yn 1844 oan de Rhijnspoarwei (Amsterdam Sintraal - Elten). Tusken dizze Utertske plakken is yn 2020 it tredde stasjonsgebou sûnt 1864 iepene. Fan 1901 oant 1941 wie der ek persoaneferfier oer de spoarline nei De Bildt. Dy line is yn 1978 opbrutsen.

1e stasjonsgebou stasjon Driebergen-Seist yn 1938
2e stasjonsgebou stasjon Driebergen-Seist yn 2006

It oarspronklike stasjonsgebou fan Driebergen-Seist waard iepene yn 1864, tweintich jier nei iepeing fan it stasjon. In relatyf lang en leech rjochthoekige gebou mei stasjonsfoarsjenningen en in wenning. Oan de spoarkant lâns it gebou wie in houten kape boppe it perron makke. It stasjonsgebou waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1899 kaam der oan de linkerkant in ekstra ferdjipping by, Ek de gevel fan de ûnderste ferdjipping is by dizze ferbouwing oanpast. Yn 1900 komt njonken stasjonsgebou in nije útgong. It sierlik útfierde poartegebou hat oan elke kant in húske. It eilânperron krijt in stielen perronkape. Tusken it stasjonsgebou en it eilânperron komt in brêge.

Yn 1962 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekten M.W. Markenhof & Koen van der Gaast. In leech gebou dat benammen út gielgrize bakstien bestie, mei in soad houten betimmeringen en daklizzers. It gebou hie in ranke klokketoer mei NS-logo. De brêge hie al earder plakmakke foar in tunnel, en de perronoerkaping út 1864 is bewarre bleaun.

It stasjonsgebou út 1962 waard yn febrewaris 2017 sloopt om plak te meitsjen foar in ekstra spoar en in bredere eilânperron. It stasjonsgebiet waard ferdjippe oanlein ûnder it eilânperron. Hjir binne hjoed-de-dei ek de stasjonsfoarsjenningen te finen. De perronkape út 1864 is by de nijbou yntegrearre yn de nije kap. It nije stasjonsgebou kaam yn 2020 ree.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-SeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
23400 Nachtnet Intercity (NS) Utert SintraalDriebergen-SeistVeenendaal-De KlompEde-WageningenArnhim SintraalElstNimwegen Alinne freedtenachts en sneontenachts, stoppet richting Utert-Sintraal net op Veenendaal-De Klomp en Driebergen-Seist.
7300 Sprinter (NS) BreukelenUtert-SintraalDriebergen-SeistVeenendaal SintrumRhenen
7400 Sprinter (NS) UitgeestSaandamAmsterdam SintraalBreukelenUtert SintraalDriebergen-Seist

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: